Kleaster Lúntsjerk: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
red
L [[]]
Rigel 4:
It kleaster fan de oarder fan de Augustiner koarhearen waard stifte as kapel yn [[1157]]. It waard stifte troch de famylje Ludinga, en dan benammen in Eilwerd Ludinga yn [[Almenum]]. Godefridus fan Renen, de acht en tweintichste biskop fan Utert dy’t de Fries Wigbolt as oerste beneamde. Dizze biskop bepaalde dat de helte fan de ynkomsten fan de tsjerke fan [[Minnertsgea]] foar it kleaster wie. De konvinten Eanjum, Achlum, Skilwert en Oegekleaster waarden út Lúntsjerk wei stifte. It kleaster kaam yn besit fan grutte stikken lân op Tessel en fan de roomske kening krige it kleaster hiel Flylân yn besit. In 1237 waard troch in stoarm de stins fan Lúntsjerk fernield en grutte stikken lân strûpten ûnder. De muontsen groeven grachten om de handelsfeart te ferbetterjen en Lúntsjerk waard dêrtroch ien fan de rykste kleasters fan Fryslân. De buert ten westen fan Almenum, Harns waard dêrtroch ek sa foaroansteand dat it yn 1234 stedsrjochten krige.
 
[[Sicko Sjaerdema|Sicco Sjaardema]], achtste Potestaat fan Fryslân, soe yn 1246 it stik fan [[Tessel]] dat fan Fryslân wie oan de abt fan, Alardus en syn neisieten. Letter waard dit stik fan Tessel troch de greven fan Hollân ferovere.
De wielde fan it kleaster soe der ta laat hawwe dat de seedlikheid efterút gie. De kleasterherfoarming fan [[1423]] skafte de abtsweardichheid ôf mar is late net ta ferbettering.