Opstanning: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Xqbot (oerlis | bydragen)
L [r2.5.2] Bot - oars: ja:復活 (キリスト教); tekstwiziging
Rigel 1:
Under '''Opstanning''' of '''Ferrizenis''' wurdt it ferrizen fan in persoan út de [[dea]] ferstien. De [[Abraham]]istyske godstsjinsten, [[joadendom]], [[kristendom]] en [[islam]], ferkundigen alle trije in opstanning nei de dea.
 
== Opstanning fan Jezus ==
It kristendom belidet de opstanning fan Jezus út de dea en dat waard al oantroffen yn de âlde kristlike leauwen belibbenissen. Dat wurdt wertocht en fierd tidens it [[Peaske|Peaskefeest]]feest. Yn it ferlingde fan de weropstanning stelt Jezus alle kristenen de opstanning út de dea yn it foarútsjoch. Hy jout dêrmei oan dat de dea net mear de ein betsjut fan it libben. Fierders kenne kristenen ek de krêft fan it ynwenjende "opstanningslibben" fan Kristus. De islam erkent net dat Jezus opstien is; neffens harren sil Jezus wol weromkeare op de [[Dei des oardiels]], mar de Peaske-opstanning kenne sy net.
 
Yn de fjouwer evangeeljes (Mateüs, Markus, Lukas, Jehannes), it boek Hannelings en de earste brief fan de apostel Paulus oan de Korintiërs ([[1 Korintiërs]]) stiet dat Jezus nei Syn opstanning ferskynd is oan de folgjende minsken:
* [[Maria Magdalena|Maria fan Magdala]] <ref> Markus 16:9-11; Jehannes 20:10-18 </ref>
* De oare froulje by it grêf <ref> Mattheüs 28:8-10 </ref>
* [[Petrus]] yn Jeruzalem <ref> Lukas 24:34; 1 Korintiërs 15:5 </ref>
* De twa reizgers ûnderweis <ref> Markus 16:9-11; Jehannes 20:10-18 </ref>
* Tsien dissipelen efter sletten doarren <ref> Markus 16:14; Lukas 24:36-43; Jehannes 20:19-25 </ref>
* Alle dissipelen en [[Tomas (apostel)|Tomas]] (útsein Judas Iskariot) <ref> Jehannes 20:26-31; 1 Korintiërs 15:5 </ref>
* Sân dissipels ûnder it fiskjen <ref> Jehannes 21:1-14 </ref>
* Alve dissipels op de berch <ref> Mateüs 28:16-20 </ref>
* In kloft fan 500 minsken <ref> 1 Korintiërs 15:6 </ref>
* Apostel [[Jakobus (broer fan Jezus)|Jakobus de Mindere]] <ref> 1 Korintiërs 15:7 </ref>
* Sy dy't Him nei de himel fuortgean seagen <ref> Lukas 24:44-49; Hannelings 1:3-8 </ref>
* De apostel [[Paulus (apostel)|Paulus]] <ref> Hannelings 22 : 1 - 10 </ref>
 
Op de tredde dei nei Syn dea oan it krús (op [[Goed Freed]]) stie [[Jezus kristus|Jezus]] op út de dea ([[Peaske]]), wêrnei Hy 40 dagen lang oan Syn dissipelen útlis joech dat alles wat bard wie barre ''moast '' om it plan fan God útfiere te kinnen. Dêrnei docht Hy de belofte de [[Hillige Geast]] te stjoeren om de dissipelen fierder ûnderrjocht te jaan om dan nei de himel te farren. ([[Himelfeartsdei]]), aldus it [[Evangeelje]].
 
== Fuotnoat ==
<references/>
 
 
[[Kategory:Kristendom]]
Line 42 ⟶ 41:
[[id:Kebangkitan]]
[[it:Risurrezione]]
[[ja:復活 (キリスト教)]]
[[kn:ಪುನರುತ್ಥಾನ]]
[[ko:부활]]