Gerulf: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
fw
red
Rigel 2:
 
==Namme en Greefskip==
De namme wurdt soms ek wol skreaun mei de tafoeging ''fan [[Kinmerlân]]'' of mei ''fan [[Hollân]]'' en betiids ek wol as ''de Jongere'' on him te ûnderskieden kinne fan syn pake [[Gerulf de Aldere|Gerulf I]].
 
De komôf fan Gerlof is folsleinnet helder, lykwols binne der sterke oanwizings dat er in neisiet is fan de Fryske kening [[Redbad]]. Syn heit en foargonger wie greve [[Gerhart]] dy't it Fryske goagreefskip [[Westergoa]] yn lien hie.
 
Gerlof bestjoerde sels ynearsten út namme fan de [[Franken|Frankyske]] kening [[Arnulf (kening)|Arnulf]] itselde greefskip as syn heit yn [[Mid-Fryslân]]. Letter krige er [[Teisterbânt]] yn lien. Yn [[889]], nei de moard op [[Godfried de Wytsing]], is oer him optekene dat er lân besiet yn de tsjintwurdige provinsje Noard-[[Hollân]] dat doe West-Fryslân hjitte. Gerlof hie dêr in rjocht fan fiskerij oan de Rynmûning en beskikte oer goederen yn Teisterbant.