Allingawier: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
doarpsberjocht der by
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
→‎Skiednis: wapen en flagge
Rigel 20:
Yn de [[18e ieu]] stie oant 1796 in skoalle yn Allingawier, dêrnei hie it doarp in mienskiplike skoalle mei [[Eksmoarre]].
De droechlizzing fan de Warkumer en Makkumer Mar yn [[1879]] betsjutte de ein fan de fiskerij.
 
== Doarpswapen en flagge ==
Doe't it Befrijingsfeest yn 1955 betocht waard, krigen alle 27 doarpen fan Wûnseradiel in eigen flagge. De flagge fan Allingawier bestiet út in blau fjild mei yn de midden in smelle wite bân. De bân jout de dieling fan de âlde [[gritenij]] oan yn Wûnseradiel-binnendyks en Wûnseradiel- bûtendyks. De kleuren fan flaggen binne faaks ûntliend oan de wapens fan edele slachten. Yn sulver stiet der in swarte oansjende kowehaad op mei in wyt plak op de foarholle en in reade tonge, en ek trije pompeblêden.
 
Yn it wapen falt de kowekop op. It is in ferwizing nei de "Izeren Ko" dy't nei de oergong nei de [[Reformaasje]] noch yn de pastorije wie en ûnder oaree by begraffenissen in rituele betsjutting hie. De ko ferwiist ek nei de feehâlderij yn dit gebiet. De pompeblêden ha te krijen mei de eardere marren om Allingawier.
 
== Gebouwen ==