Josse de Haan: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
red
oanfollinkje
Rigel 1:
'''Johannes Izaäks (Josse) de Haan ''' ([[Peins]], [[20 jannewaris]] [[1941]]) is in skriuwer en dichter dy't yn it [[Frysk]] en [[Nederlânsk]] publisearret.
 
De Haan wie fan 1962 oan 1971 haad fan de skoalle yn [[Hjerbeam]]. Yn 1971 waard er beneamd as learaar Nederlânsk oan de Ryksskoallemienskip yn Schagen (N.H.). In skoft letter sette er út ein mei de stúdzje MO-Nederlânsk yn [[Amsterdam]], mar makke dat net ôf. Yn 1988 joech er it ûnderwiis oer en wijde er him alhiel oan de skriuwerij.
 
De Haan wie yn de jierren 60 pleiter foar fernijing yn de Fryske literatuer. Literatuer moat fan him fernijend wêze, minsken prikelje en útdaagje. [[Dadaïsme|daistyske]] en [[surrealisme|surrealistyske]] ynfloeden binne yn syn wurk werom te finen; teffens eksperimintearre er mei foarm yn syn proaza.
Sûnt 1999 wennet De Haan yn it doarp Hendaye, yn [[Frankryk|Frânsk]] [[Baskenlân]]. Syn libbenspartner is de Baskyske skriuwster [[Maite Gonzalez Esnal]] (1943).
 
Line 7 ⟶ 11:
De Haan hat him ek tige ynset foar de Fryske útjouwerij. Hy wie warber foar de [[Koperative Utjouwerij]]. Letter wie mei [[Trinus Riemersma]] oprjochter fan útjouwerij Venus.<ref>[http://www1.omropfryslan.nl/Mear_Nijs_42165.aspx Omrop Fryslân]</ref>
 
Josse de Haan skreau romans, koarte ferhalen, toanielstikken, poëzij en [[berneboek]]en. Fierders is er redakreurredakteur by ferskate Fryske tydskriften.
 
Yn 2007 waard him de [[Gysbert Japicxpriis]] takend foar 'Piksjitten op snyp'. De sjury wie fan betinken dat De Haan in wichtige bydrage levere hat ta de fernijing fan de [[Fryske literatuer]]. De Haan hie al twaris earder nominearre west.