[[Ofbyld:Map NL - Borger-Odoorn - Exloo.png|thumb|right|''Lizzing fan ExlooEkslo'']]
'''ExlooEkslo''' ([[Drintsk]]: ''Eksel'', [[Nederlânsk]]: ''Exloo'') is in [[doarp]] yn [[Drinte]], gemeente [[Borger-Odoorn]], op de [[Hondsrug]]. ExlooEkslo telde (neffens ynformaasje fan de gemeente Borger-Odoorn) op 1 jannewaris 2007 1767 ynwennners (869 manlju en 898 froulju). Yn it doarp stiet it gemeentehûs fan de gemeente, hoewol't it net it grutste plak is.
ExlooEkslo is in karakteristyk [[esdoarp]] op de Drintse sângrûnen, wyls útwreide mei inkele nijbouwiken, dat tsjintwurdich in soad toeristen lûkt. Inkele attraksjes binne [[Kabouterlân]], in bernebistepark, en it Kultuerhistoarysk Museum Bebinghehoes. Dêrneist wurde troch de Feriening Doarpsbelangen ExlooEkslo meardere aktiviteiten op tou setten. De twa belangrykste binne it Skiepskeardersfeest mei in Nederlânsk kampioenskip ambachtlik skiepskearen, en it Festival fan Alde Ambachten.
It doarp hat meardere foarsjennings, wêrûnder in iepenbiere basisskoalle, sportfjilden, in maneezje, in swimbad, in VVV-kantoar, in supermerk en ferskate winkels en horekagelegenheden. Yn de buert fan it doarp leit bungalowpark de Hunzebergen.
[[Ofbyld:Molenveld (2), Exloo, The Netherlands.jpg|thumb|left|''Molefjild'']]
[[Ofbyld:Exloo, The Netherlands.jpg|thumb|left|''Suderhaadstrjitte'']]
It lânskip om ExlooEkslo kenmerkt him troch [[es (geografy)|essen]], [[bosk]]en (Boswachterijen ExlooEkslo en Odoorn, Hunzebos), [[heide (fegetaasje)|heide]] (Molenveld) en [[Fean (grûnsoarte)|fean]] (Zoersche Landen).
Sûnt 2005 wurdt der by ExlooEkslo boud oan in saneamd [[LOFAR]]. Dit is in nij type radioteleskoop dy't úteinlik bestean sil út sa'n 25000 lytse antennes yn Nederlân en Dútslân. By ExlooEkslo is al in testfjild.
== Skiednis ==
De namme ExlooEkslo tsjut op de iere oanwêzichheid fan bosk yn it gebiet. De namme fan it doarp is nei alle gedachten ûntstien út de Ald-Sakssyske wurden ''ek'' ([[iik]]) en ''loo'' (bosk). Hoewol't Odoorn it sintrum wie fan it kerspel dêr't ek ExlooEkslo en [[Valthe]] ta hearden, wie ExlooEkslo lange tiid kwa ynwennertal it wichstichste doarp fan de gemeente [[Odoorn]]. It doarp telde yn 1612 112 ynwenners, tsjin Odoorn 92 en Valthe 61. Doe't de ûntginning fan de ExloërEksloër- en Valthervenen begûn, waard it doarp al gau oerfleugele troch [[Twadde Exloërmond]] en benammen [[Valthermond]].
In soad Drintske sândoarpen waarden eartiids teistere troch grutte doarpsbrânen. Ek ExlooEkslo ûntkaam der net oan: yn 1884 baarnden achttjin wenningen yn it doarp finaal ôf. Ek it gemeentehûs, dat yn 1870 ferhuze waard fan Odoorn nei ExlooEkslo en ûnderbrocht wie yn loazjemint Bussemaker, foel as proai fan de flammesee. Dêrfoar setele it yn Valthe, mar ek yn yn Odoorn, yn in diel fan in pleats.
Oan it begijn fan de 20e ieu krige ek ExlooEkslo in halteplak oan it spoar [[Emmen (Drinte)|Emmen]]-[[Gasselternijveen]] fan de [[Noordoosterlocaalspoorweg-Maatschappij]]. Yn dy tiid wwaard ek diskusearre oer it plak dêr't it gemeentehûs fan Odoorn komme moast. Bussemaker krige it klear dat it gemeentehûs yn ExlooEkslo bleau troch de dêrfoar needsaaklike grûn oan de gemeente te skinken. De ynwenners fan [[Tweede ExloërmondEksloërmond]], dy't hurd striden hiene foar in gemeentehûs yn harren doarp, wienen min te sprekken oer dizze beslissing. Yn 1943 waard it gemeentehûs yn ExlooEkslo opnij troffen troch brân. Troch it yn de brân stekken fan it gemeentehûs besocht it [[Nederlânsk ferset yn de Twadde Wrâldoarloch|ferset]] it befolkingsregister te ferneatigjen, wat lykwols net slagge.
{{boarnen|boarnefernijing=
{{koördinaten|52_52_54_N_6_51_51_E_type:city_zoom:14_region:NL|52° 53' NB, 6° 52' EL}}
[[Kategory:Ekslo| ]]
[[en:Exloo]]
|