Jacob Kalma: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L kat.
Wikix (oerlis | bydragen)
Rigel 8:
Jaap waard, neffens de liberale famyljetradysje, learling fan de Ryks HBS-B te [[Ljouwert (stêd)|Ljouwert]]. Yn 1920 die er dêr mei hiel goede sifers syn eineksamen.
 
Under ynfloed fan de bekende Stienzer dûmny [[J.A. Bruins jr.]] dy't in goede freon fan de famylje wie, waard besletten dat Jaap teology yn [[Leien]] studearje soe. Dêr moete hy syn lettere frou Froukje Koops. Froukje Koops hat in grutte stipe foar Kalma west. As teolooch koe se as it nedich wie, wat faak bard is, syn plak tydlik ynnimme. Kalma hat meastentiids net lang op it selde plak stien. Hy beromme him der op dat hy sa yn alle Fryske klasses stien hie. Yn syn bertegea hat er stien yn [[Hegebeintum]] (1938-1940) en yn [[Waaksens (Dongeradiel)|Waaksens]]/[[Brantgum]] (1940-1943).
 
== Funksjes ==