Taeke Schuilenga: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L foto Tresoar
J'88 (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 1:
[[Ofbyld:Taeke Schuilinga.jpg|thumb|''Taeke Schuilinga'']]
 
'''Taeke Schuilenga''' ([[Surhústerfean]], [[29 oktober]] [[1878]] - [[Easterwâlde (Fryslân)|Easterwâlde]], [[4 novimber]] [[1943]]) wie in koekefabrikant en ynfloedryk ynwenner fan Surhústerfean, dy't slachtoffer waard fan de [[Silbertanne Aktion|Aksje Sulverdin]].
 
Taeke Schuilenga wie it twadde bern en de twadde soan fan Djoerd Jans Schuilenga en Elizabeth Taekes Postma, yn in húshâlding mei trije jonkjes en trije famkes. Op [[21 maart]] [[1906]] boaske er mei Engeltje Hendriks Bos. Hja krigen tsien bern, Elisabeth, Tryntsje, Djoerd, Pieter, Janke, Jan, Harm Egbert, Edziena, Aaltje, en Etje. Taeke waard bakker en waard yn rin fan tiid direkteur-eigener fan it bak- en koekefabryk ''De Bijenkorf''. Hy wie ek mei-oprjochter fan de ''Spaar en Voorschotbank'' en wie fierders ek drok foar it doarp.