Keunstmjittige ynseminaasje: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L plaatsje
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
Rigel 1:
'''Keunstmjittige ynseminaasje''' (KY) is in technyk om ta in befruchting te kommen as de [[befruchting]] net troch de [[geslachtsmienskip]] ta stân komt. It wurd ''ynseminaasje'' ferwiist nei it wurd ''semen'', dat sied betsjut. By keunstmjittige ynseminaasje wurdt der [[sperma]] yn de [[liifmoer]] of [[liifmoerhals]] brocht.
== De minsk ==
As it in (echt)pear net slagget om op de 'natuerlike manier' swier te wurden, kin der in fruchtberheidsbehanneling starten wurde. Is it sperma fan de man fan reedlik oant goede kwaliteit, dan is [[Yntra-Uterine Ynseminaasje]] (YUY) meastal de earste stap (KeunstmjiytigeKeunstmjittige Ynseminaasje Eigen semen, meastal ôfkoarte ta KIE). Mei LH urine-testen of troch echoskopy wurdt it momint fan de aaisprong (ovulaasje) detektearre. Op de dei fan de ferwachte ovulaasje wurdt mei in ynjeksjespuitsje en in spesjale kateter it opwurke sperma (sperma wêrby't it siefocht weihelle is) yn de liifmoerholte of liifmoermûlekanaal brocht.
As der hielendal gjin libbene siedsellen yn it sperma fan de man sitte of as de frou swanger wurde wol mar gjin manlike partner hat, kin sperma fan in [[spermabank|sieddonor]] brûkt wurde (Keunstmjittige Ynseminaasje Donorsperma, meastal ôfkoarte as KID). Yn dit lêste gefal hoeft de sperma fan de donor net opwurke te wurden. In handich helpmiddel hjirby is in saneamd [[ynseminaasjekupke]] dat partikulier brûkt wurde mei, mar rieplachtsjen fan in arts foarôf wurdt altiten advisearre.