Félix Nadar: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
fan en:
Rigel 9:
Om 1863 hinne boude Nadar in mânske ballon mei in ynhâld fan (6000m³) dy't ''Le Géant'' ('De reus) kaam te hjitten; hy ynspireare dêrmei [[Jules Verne]] by it skriuwen fan 'Fiif wike yn in ballon'. It "Géant" projekt slagge lykwols net en Nadar rekke oertsjûge dat de takomst oan de [[swierder-as-lucht]] masines wie. Letter waard "De Feriening foar Oanmoediging fan Bewegen yn de Loft mei Swierder-as-loft Masines" stifte mei Nadar as foarsitter en Verne as sekretaris. Nadar foarme ek it foarbyld foar it personaazje Michael Ardan yn Verne syn 'Fan de ierde nei de moanne'.
 
By syn besite oan [[Brussel]] mei de ''Géant'', op 26 septimber 1864, rjochtrjochtet Nadar ferpleatsbere barriêres op om de minskekloft op feilige ôfstân te hâlden. Oant no ta hjitte ditsoarte fan stekken yn Belgje ''Nadar barriêres''.
 
Yn april 1874 liende er syn fotostudio oan in groep skilders en makke sa de earste útstalling fan de[[Ympresjonisme|ympresjonisten]] mooglik. Hy fotografearre [[Victor Hugo]] op syn deadsbêddeabêd yn 1885. Teffens hat er yn 1886 it earste ''foto-ynterview'' (mei de ferneamde skiekundige [[Michel Eugène Chevreul]]) op syn namme set; boppedat makke er [[Erotyske fotografy|erotyske foto's]].
 
Fan 1895 oant syn weromgean nei Parys yn 1909, wie de Nadar-fotostudio yn [[Marseille]].