Easterlittens: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Aliter (oerlis | bydragen)
Der "fanôf" falt ien omleech, "lâns" de feart wurdt swommen.
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
merke en mear
Rigel 13:
== Skiednis ==
De see hat fruchtbere kalkhâldende klaailagen ôfsetten yn de omjouwing. Soks wie tige gaadlik foar feehâlderij. Dochs binne der eartiids ek geregeld stikken lân fuortslein toch de see. Om 900 hinne waarden diken oanlein om de Middelsee en waard it feiliger.
Easterlittens is bestie oarspronklik út de bewenning fan fiif terpen. Ien fan dy fiif terpen moat al om 800 hinne opkrune wêze, en wie dêrmei grutter as de oaren. Op dy terp waard yn de 12e ieu de tsjerke boud, en it is hjir dat de buorren fan it doarp har foarmen. Dit doarp waard it earst neamd yn [[1275]], mei de namme ''Lechenghe''. Op de oare fjouwer terpen binne de hieltyd noch besteande [[buorskip]]pen [[Langwert (buorskip)|Langwert]], [[Wieuwens]], [[Wammert]] en [[Skrins]] ûntstien. Ta de himrik fan Easterlittens heart fierders it buorskip [[Weakens]].
Oant de [[gemeentlike weryndieling]] fan [[1984]] wie Easterlittens part fan de eardere gemeente [[Baarderadiel]].
 
In bekend man út de skiednis fan Easterlittens is dûmny [[Balthasar Becker|Balthasar Henricuszn Becker]], in dy't yn [[1657]] beroppen waard. Troch syn krewearjen tsjin de hekseferfolging is er yn [[1166]] út it amt set.
 
It doarp leit op de krusing fan de [[Frjentsjerter Feart]] en de [[Boalserter Feart]]., oan de noardkant fan it doarp dêr't eartiids de wetterherberch en it tolhûs Huylckenstein stie.

Yn [[1888]] waard op de hoeke fan de fearten in molkfabryk boud dy't der wol hûndert jier stien hat. De skoarstien is by de sloop fan it fabryk yn 1997 stean bleaun. Op it âlde stee is letter de nijbouwyk It Krúswetter komd.
 
== Topografy ==
Easterlittens leit oan de [[Frjentsjerter Feart]] krekt súdeastlik fan it plak dêr't dy krúst wurdt troch de [[Boalserter Feart]]. Krekt eastlik fan it doarp rint de [[N384]], dy' nei it noardwesten nei [[Frjentsjer]] giet, en nei it súdeasten nei [[Dearsum]].
 
== Doarpswapen en flagge ==
Ta de himrik fan Easterlittens hearre ek de hjirboppe neamde fjouwer buorskippen en it buorskip [[Weakens]].
Yn de tsjerke binne oantinkens te finen oan Nicolaas fan Hettinga en Idzert Albada. Harren wapen is read, belein mei trije gouden ikels. It [[Pealtsje fan Easterlittens]] hat ek in plak krige: in read en gouden peal belein mei in swarte pôt yn de foet fan de peal. Yn dy peal siet de skat ferstoppe. Yn it read twa gouden [[peinje]]s, dy 't de gedachte oan de skat, de bargemerk en it tolhûs libben hâldt. It blauwe andreaskrús ferwiist net de krusing fanwetters oan de noardkant fan Easterlittens. De kleuren blau, sulver, read en goud komme fann it gemeentewapen fan Littenseradiel.<br>
De flagge toant eleminten út it wapen.
 
== Mienskip ==
It doarp hat in multifunksjoneel sintrum : De Jister. Dêryn sit ek it pjutteboatersplak De Lytse Jister. Fjouwer kear yn 't jier ferskynt it doarpskrantsje De Hysp. De kristlike skoalle hjit Earnewjuk. Middenyn it doarp stiet herberch It Wapen fan Fryslân.
 
=== Littenser Merke ===
EartiidsDe jiermerk wie deralear ynwijd Easterlittensoan allede jierrendei fan tsjerkehillige St. Margriet op 120 oktoberjuly. De measte merken wiene femerken,mar der wienen ek typyske hynstemerken Yn Heech en Easterlittens wie in bargemerk, op 1 oktober. Nei it midden fan de [[18e ieu]] is dit feroare yn de earste moandei fan septimber. Nei 1900 binne dit merkedagen wurden, en wol de earste woansdei en tongersdei fan septimber as oerbliuwsel fan de bargemerk. By de merke waard eartiids,lykas yn oare doarpen yn de greid- en bouhoeke, troch de pletslike kafeehâlder in keatswedstryd organisearre. Yn 1792 waarden foar 3 en 4 septimber foar de earste kear yn de [[Ljouwerter Krante]] keatspartijen oankundige. Yn de Ljouwerter fan [[waard sels in hurddraverij oankundige foar hynders dy't noch net folle wûn hienen. De priis wie fyftich gûne. Omdat de kreammen op grûn fan de tsjerke stiene, krige dy der ek jild fan. De kroechbazentsjerkefâdij organisearrenfertsjinne opdus sokkeoan dagende merke, mar stelde letter ek wol jild foar in keatswedstryddraaimole foar skoalbern beskikber.
 
=== Befolking ===
* [[1954]] - 582
* [[1959]] - 559
* [[1964]] - 524
* [[1969]] - 517
* [[1974]] - 487
* [[2007]] - 479
 
=== Ferienings ===
Line 51 ⟶ 56:
* Op it doarpsplein fan Easterlittens leit in [[Jeu de Pelote|Pelotebaan]]. Yn it doarp wurdt alle jierren it [[Iepen Frysk Kampioenskip Jeu de Pelote]] hâlden.
* It doarp is ek bekend troch it teltsje [[It pealtsje fan Easterlittens]].
* As bynamme hawwe de Littensers de bynamme ''ropeinen''. Dizze namme komt fan roppende hannelslju en skippers dy't eartiids yn it doarp te hearren wienen.
* Villages of Tradition is in útwikselingsprojekt mei plattelânsdoarpen yn Itaalje en Portugal yn it ramt fan Leader-regio's.
* Efter de iisbaan is de kemping It Krúswetter.
* Súdeastlik fan Easterlittens stiet de [[spinnekopmole]] [[Alde Swarte]].
Line 64 ⟶ 70:
* ''Flaamske Banken'' - Herberch "De Vlaamsche Banken" stie oan de Frjentsjerter Feart. Neffens âlde oerlevering komt de namme fan de sânbanken yn de [[Westerskelde]] dy't "Flaamske Banken" neamd waarden. Hjirop rûnen in soad skippen fêst en dit nijs kaam ek yn Easterlittens. Op de ein fan de âlde noardlike doarpsbebouwing stie in herberch dêr't skippers mar min foarby komme koenne. Hja "strannen" dêr gauris; hja leinen oan foar in slokje.
* ''Goudtsjeblomsteech'' - stege by de âlde bewarskoalle lâns, tusken de Huylckensteinstrjitte en de Loaijerstrjitte. De namme kin ûntstien wêze trochdat it sied fan goudsjeblommen yn de omlizzende tunen yn de stege bedarren of omdat der goudsjeblommen bloeiden in de neistlizzende túntsjes. In oare mooglikheid is dat der in politieke kleur oan de namme sit fanút de Frânse tiid.
* ''Huylckensteinstrjitte'' - De strjitte rint yn de rjochting fan de eardere wetter- en iisherberch Huylckenstein dy't ± [[1509]] boud is doe't de [[Boalserter Feart]] groeven is. Letter is de herberch ek noch as tolhús brûkt.
* ''It Hynstewaad'' - namme fan in sleat dy't rûn fan It Plein yn súdlike rjochting by it paad nei [[Wammert]] lâns. De sleat kaam út yn de [[opfeart]] oan de súdkant fan de âlde buorren. De sleat hie in ûndjip plak op de hichte fan de saak fan smid Minkema. Hjir waarden de hynstepoaten behimmele foar it beslaan fan de hoeven. Dy ûndjipte waard yn de folksmûle ek wol"it Hynstegat" neamd. De strjitte rint no fan It Plein nei de Froanackerdyk.
* ''De Langebaan'' - Namme foar in stripe oan de westkant fan it tsjerkhôf dêr't ieuwenlang in pear diakonij- en tsjerkefâdij-earmenkeamers stiene. Yn 1864 hat de tsjerkefâdij de earmenkeamers ôfbrekke litten om it tsjerkhôf útwreidzje te kinnen. It is no de namme fan in lange stege fan de Brân nei de Flaamske Banken ôf, jûn om de hjirboppe neamde nammen yn it ûnthâld te hâlden.
* ''Langwert'' - nei de [[buorskip]] [[Langwert (buorskip)|Langwert]]
* ''Loayerstrjitte'' - rint by de Frjentsjerter Feart lâns, fan de Brân nei de Flaamske Banken. De namme komt fan de felleableatersfellebleaters dy 't hjir eartiids wennen. Dy makken de hûden skjin foar de learloaiers yn Brabân. Eartiids hiet de strjitte de ''Foarstrjitte'', omdat hy foaroan by de Frjentsjerter feart leit. It paad is ûntstien tusken 1820 en 1840 en waard farfoar in part oanlein op partikuliere grûn; der is hieltiid noch grûn by dy't by de huzen oan de feart heart. Dêrfoar koenen de bewenners fan dy huzen allinnich by de rest fan it doarp komme troch stegen njonken harren wenten en de efterlizzende lange stege (de Langebaan).
* ''De Mar'' - stik lân oan de súdkant fan de âlde buorren by de Frjentsjerter Feart. De namme wurdt al neamd yn [[1697]]. It lân oerstreamde eartiids by heech wetter mar is nei de ynstelling fan de [[Wammerter polder]] bedike en ophege mei baggelmodder.
* ''It Plein'' - it plein yn de buorren foar de herberch. It is 50 m. lang en 13 m. breed en part fan de oarspronklike terp. De lêste jierren benammen bekend om syn ynfluorre Jeu de Pelotebaan dêr't sûnt 1998 om it Iepen Frysk Kampioenskip Jeu de Pelote spile wurdt troch meardere partoeren út Fryslân.
* ''Noarderfinne'' -
* ''Noardersteech'' - lytse stege fan de Langebaan nei de LoaijerstrjitteLoaierstrjitte.
* ''De Rottefalle'' - namme dy't faker yn Fryslân foarkomt. Kin komme fan in slûs, in dearinnende haven of in gebou. Yn Easterlittens wie in wenning bekend mei de namme "de Rotteval" (1772). Leit oan de noardlike side fan de âlde doarpsbebouwing en sûnt 1982 wer in offisjele namme om boppesteande yn eare te hâlden.
* ''Skrins'' - nei it buorskip [[Skrins]].
* ''Skrinzerdyk'' - rint fan de Buorren nei Skrins.
* ''Wammert'' - nei it buorskip [[Wammert]].
* ''Wiuwens'' - nei it buorskip en mûne [[Wiuwens]].
 
== Sjoch ek ==