Easterlittens: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
→‎Topografy: oer kafee It Wapen van Friesland
Rigel 24:
== Topografy ==
Easterlittens leit oan de [[Frjentsjerter Feart]] krekt súdeastlik fan it plak dêr't dy krúst wurdt troch de [[Boalserter Feart]]. Krekt eastlik fan it doarp rint de [[N384]], dy' nei it noardwesten nei [[Frjentsjer]] giet, en nei it súdeasten nei [[Dearsum]].
 
== Herberch It Wapen fan Fryslân ==
Neist ferbliuwplak wie in herberch foar de befolking ek in moetingsplak foar fertier. Yn de [[19e ieu]] groeide it ferieningslibben en ûntstie ferlet fan sealromte. Fanâlds wie binnen de buorren mar ien herberch, want de doarpsgearkomst hie yn 1629 besletten dat om ''dronkerieen, partijschappen en andere onheilen weg te nemen'' der mar ien herberch wêze soe. De herberch by de Terp (no it Plein 2) is al âld. Yn 1511 wurdt ''Ulba Tapper'' as kastlein neamd. Nei 1745 is der fan elke kastlein wol in byberop bekend. Sa wie Hendik de Bruin ek eksekuteur (doarwarder). De saneamde [[adstint]]en wienen oan him ûnderhearrich, sadat hy beskôge wiurde kin as haad fan de 'plysje'fan it nedergerjocht, yn dit gefal [[Baarderadiel]]. Yn de 19e ieu is fan de herberch in diel fan it wengedielte ôfskieden, dit hat duorre oant 1884, doe't de herberch yn twaen ferkocht waard. Op in sneintejûn yn novimber 1887 spruts hjir de bekende politikus [[Pieter Jelles Troelstra]]. Yn it kafee hinget in muorreskildering dy't nei de [[Twadde Wrâldoarloch]] makke waard troch Nanne Giezing.
 
== Doarpswapen en flagge ==