Easterlittens: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
→‎Skiednis: oer de Margarethatsjerke, fan de webside
Rigel 20:

In bekend man út de skiednis fan Easterlittens is dûmny [[Balthasar Becker|Balthasar Henricuszn Becker]], in dy't yn [[1657]] beroppen waard. Troch syn krewearjen tsjin de hekseferfolging is er yn [[1166]] út it amt set.

== Margarethatsjerke ==
De doarpstsjerke in grif yn de [[12e ieu]] stifte en wie doe wijd oan de hillige Margaretha. De tsjerke is foar it grutste part oplutsen út bakstien mei oan de healrûne skip oan de noardkant in [[sakristy]] út de [[15e ieu]]. Yn de sakristykeamer by it alter waard yn de roomske tiden alles bewarre dat mei de mis, fesper of prosesje te krijen hie en net yn de tsjerke hearde. Hjir ferklaaiden de geastliken har en it wie tagelyk de skat- of argyfkeamer. Letter waard it ek faak brûkt foar gearkomsten. Under de sakristy sit in ûne, dy't al yn 1742 neamd wurdt. Hjir waarden de koaltsjes foar de tsjerkestoven makke. Yn skip en koar sitte noch restanten [[dowestien]] en oan de noardkant sit in saneamde [[noarmannepoarte]] mei profylstienen.

Boppe de yngong yn de súdmuorre sit in ingelekopke yn de ôfslútstien mei it jiertal [[1665]]. Yn 1969 waaide it lytste tuorke fan it tek, in tinkstien yn de súdmuorre is in oantinken hjiroan.
;ynterieur
De protestantske banken en lambrisearing komme foar in meastepart út 1753-1754. Neffens oerlevering soe in kreupelrymke yn detsjerke stien hawwe:

''Wiebe Harmens, oud diaken,''

''Die dees predikstoel heeft gemaken''

''Uit het harde eikenhout''

''In de winterdagen kout''

It houtfykwurk op de kânsel bestiet út blom- en blêdfestoenen, dêrûnder steane [[earn]]en. Fierders ornaminten en op de fjouwer panielen de frouljufigueren Leauwe, Hoop, Leafde en Gerjochtichheid. Op de treppeal stiet in liuw mei in skyldsje mei it jiertal [[1755]].
Tsjin de noardmuorre hingje twa rútfoarmige [[rouboerd]]en. Dy waarden by de ferstoarne aadlike persoanen thús boppe de doar hong, foar de lykstaasje útdroegen en dêrnei yn de tsjerke ophong. It iene rouboerd is fan Nicolaas fan Hettinga, ''olde cappitein luijtenant over een companije te voet. Obijt den 27 september 1664''. Hy wie troud mei Margaretha Sjoerds Sprong. It oare boerd is fan Idzert Albada fan Hettinga, pakesizzer fan de foarrige, ''luijtenant van een comapanije voetknechten'', dy't op 21 febrewaris 1695 ferstoar, 32 jier âld.

Foar de kânsel oer stiet in hearebank, de saneamde Sprong-bank mei it jiertal 1604 en in wapenskyldsje dêr't it famyljewapen yn 1796 ôfhelle is. Efter yn de tsjerke steane in pear rigen frouljusbanken mei in rêchleuning yn ôfwikende kleur. Dy waarden brûkt troch de earmen, de rêchleunings binne der yn 1936 op komd. Omtrint 1750, doe't Jan Worp Peijma en Abel Wiarda tsjerkefâd wiene, binne foar de tsjerkefâdij in tal stuollen komt yn it middenpaad, dizzen waarden jierliks ferhierd De stuollen mei nûmer 27 en 29 fan doarwarder en koster wiene frij fan hier. De stam fan de iene koperen kroanluchter hat de foarm fan in minskefiguer, de oare in figuer mei bibel en krús dêr't it krús fan ôfbrutsen is. Op de râne fan it koperen doopbekken steane de nammen fan de tsjerkefâden J.S.W. Peijma en A. Wiarda en dy fan dûmny Henricus Grevenstein - Anno 1750.
;oargel
Yn it jier 1625 wie Sijds Wijbes ''schoolmeester en organista'' yn Easterlittens. Dat betsjut dat it doarp doe al in tsjerkeoargel hie, it is brûkt oant [[1667]]. Doe lienden de tsjerkefâden fan Easterlittens fan harren mei-tsjerkefoud Houtse Sjoerds Sijperda 900 karolusgûnen ''tot ‘t maken van een nieuw orgel''. Dit oargel is brûkt oant [[1867]] en wurdt beskreaun yn in boekje fan Nicolaas Arnoldi Knock út [[1788]]. De firma Vaas en Brons uit Groningen fersoarge yn [[1961]] in gruttere restauraasje. De nedige lucht yn it oargel wurdt sûnt [[1935]] meganysk levere. Doe waarden de pûstertrêder, de pûstertraper, oargelpûster, oargelwynmakker, blaasbalchtrêder blaasbalchheffer, oargelpomper en oargeltraper, sa't se yn detsjerkefâdijrekkens neamd wurde, oerstallich.

;toer
De toer hie al yn 1689 in oerwurk mei wizerplaten en wizers. Yn it âldste rekkensboek stiet in post wêrby t skoalmaster Jan Wijnants as koster in bedrach útbetelle krige fan ƒ 6,17 foar it skjinmeitsjen fan it oerwurk. Pas yn [[1902]] waard it oerwurk ferfongen. Dit waard levere troch de firma G. de Looze út Ljouwert foar ƒ 875,00. By de restauraasje fan de tsjerke kaam in tredde wizerplaat oan de noardside fan de toer. De lytse klok yn de tsjerketoer komt út [[1576]] en is makke troch klokkejitter Willem Wegewart út [[Dimter]]. Op de klok stiet: ''Ick bin gegoten in Gots eeren to Deventer in ’t jaer onz’ herrm MDLXXVI. Wilhelm Wegewart ut Lawerda''. Lawerda is it Frânse stedsje Laverdae dêr't Wegewart wei kaam. Oan wjersiden fan it opskrift sitte bewurke rânen. De trochsneed is 93 sm en it gewicht 500 kg. Willem Wegewart geat tusken 1561-1603 foar sân Fryske tsjerken in klok. De grutte klok hie in foarrinder. Ut oantekenings fan tsjerkefouden (1607) blykt: ''en soe wanneer de gemeente mochte geraden een niewe clocke tot dese te copen…..''. Der wurde dan twa klokhuzen neamd. De grutte klok is jitten yn 1650 troch Hans Falck út Ljouwert. Hy kaam fan Neurenberg en geat foar achtentweintich Fryske plakken in klok. Op de klok stiet te lêzen: ''In ’t jaer onz’ heeren duzend zes hondert ende vieftig heeft mij Hans Falck v. Neurenberg in Leeuwarden gegoten for Osterlittens''.
Op de oare side fan de klok sit in wapenskyld wêryn in jitten liuw mei in kroan op de holle, wylst in lytse liuw it helmteken foarstelt. Boppe dit wapen steane de wurden: SYURT WLBE ZOEN SPRUNG. Dizze lêste wie in eigenierde boer fan de [[Sprongstate]]. Sjoerd Ulbes Sprong, sels lange tiid tsjerkefoud hat de klok, mei in trochsneed fan 115 sm en in gewicht fan 850 kilo, grif skonken. Foardat yn july 1942 de Dútse klokkerôf begûn, hat dûmny Ten Bruggenkate alle opskriften op de klokken oernomd en nei de synoade stjoerd (hy wist net dat syn foargonger Van der Tuuk Adriani de klokgegevens al yn 1889 nei it Frysk genoatskip opstjoerd hie foar publikaasje yn De Vrije Vries – 1895). De klokken, dy't troch de Dútse besetter weihelle waarden, binne yn de oarloch foar in part opslein yn in depot te [[Gythoarn]]. It Angelus-klokje, dat ek rôfd wêze soe, is net weromkomd (diameter 30 sm, gewicht 23 kg). Fuort nei de oarloch joech de Ryksynspeksje foar de Keunstbeskerming yn gearwurking mei it Ryksburo foar monumintesoarch opdracht foar werompleatsing fan alle weromkommen Fryske klokken.

Op it skip stiet in dakruter dêr't eartiids it Angelusklokje, it misklokje, hong hat. It klokje rôp it tsjerkefolk op ta it angelus, in trijeliddich gebed dat moarns en jûns om 6 oere en middeis om 12 beaën waard.

== Herberch It Wapen fan Fryslân ==