Easterlittens: ferskil tusken ferzjes
Content deleted Content added
skoarstien bûterfabryk |
L →Margarethatsjerke: [[]] |
||
Rigel 38:
;oargel
Yn it jier 1625 wie Sijds Wijbes ''schoolmeester en organista'' yn Easterlittens. Dat betsjut dat it doarp doe al in tsjerkeoargel hie, it is brûkt oant [[1667]]. Doe lienden de tsjerkefâden fan Easterlittens fan harren mei-tsjerkefoud Houtse Sjoerds Sijperda 900 karolusgûnen ''tot ‘t maken van een nieuw orgel''. Dit oargel is brûkt oant [[1867]] en wurdt beskreaun yn in boekje fan Nicolaas Arnoldi Knock út [[1788]]. De firma Vaas en Brons
;toer
De toer hie al yn 1689 in oerwurk mei wizerplaten en wizers. Yn it âldste rekkensboek stiet in post wêrby t skoalmaster Jan Wijnants as koster in bedrach útbetelle krige fan ƒ 6,17 foar it skjinmeitsjen fan it oerwurk. Pas yn [[1902]] waard it oerwurk ferfongen. Dit waard levere troch de firma G. de Looze út Ljouwert foar ƒ 875,00. By de restauraasje fan de tsjerke kaam in tredde wizerplaat oan de noardside fan de toer. De lytse klok yn de tsjerketoer komt út [[1576]] en is makke troch klokkejitter Willem Wegewart út [[Dimter]]. Op de klok stiet: ''Ick bin gegoten in Gots eeren to Deventer in ’t jaer onz’ herrm MDLXXVI. Wilhelm Wegewart ut Lawerda''. Lawerda is it Frânse stedsje Laverdae dêr't [[Wegewaert (laach)|Wegewart]] wei kaam. Oan wjersiden fan it opskrift sitte bewurke rânen. De trochsneed is 93 sm en it gewicht 500 kg. Willem Wegewart geat tusken 1561-1603 foar sân Fryske tsjerken in klok. De grutte klok hie in foarrinder. Ut oantekenings fan tsjerkefouden (1607) blykt: ''en soe wanneer de gemeente mochte geraden een niewe clocke tot dese te copen…..''. Der wurde dan twa klokhuzen neamd. De grutte klok is jitten yn 1650 troch [[Hans Falck fan Neurenberch|Hans Falck]] út Ljouwert. Hy kaam fan Neurenberg en geat foar achtentweintich Fryske plakken in klok. Op de klok stiet te lêzen: ''In ’t jaer onz’ heeren duzend zes hondert ende vieftig heeft mij Hans Falck v. Neurenberg in Leeuwarden gegoten for Osterlittens''.
Op de oare side fan de klok sit in wapenskyld wêryn in jitten liuw mei in kroan op de holle, wylst in lytse liuw it helmteken foarstelt. Boppe dit wapen steane de wurden: SYURT WLBE ZOEN SPRUNG. Dizze lêste wie in eigenierde boer fan de [[Sprongstate]]. Sjoerd Ulbes Sprong, sels lange tiid tsjerkefoud hat de klok, mei in trochsneed fan 115 sm en in gewicht fan 850 kilo, grif skonken. Foardat yn july 1942 de Dútse klokkerôf begûn, hat dûmny Ten Bruggenkate alle opskriften op de klokken oernomd en nei de synoade stjoerd (hy wist net dat syn foargonger Van der Tuuk Adriani de klokgegevens al yn 1889 nei it [[Frysk
Op it skip stiet in dakruter dêr't eartiids it Angelusklokje, it misklokje, hong hat. It klokje rôp it tsjerkefolk op ta it angelus, in trijeliddich gebed dat moarns en jûns om 6 oere en middeis om 12 beaën waard.
|