Ferskil tusken ferzjes fan "Reboelje"

203 bytes grutter ,  10 jier lyn
gjin bewurkingsgearfetting
'''Reboelje''' wie fan [[1987]] oant [[2003]] in Frysktalige band. De groep makke net allinnich muzyk, mar mingde dy muzyk ek mei oare keunstfoarmen. Harren bekendste singel wie 'Marije Maria'.
 
==Skiednis==
De groep ûntstie doe't Rommert Reitsma, Durk Hogendorp en Tiede Lanting yn kontakt kamen mei [[Marius de Boer]] en Tsjerk Bootsma. De freonegroep oefene by boer Loadsma yn [[Kûbaard]] en einige op in talintejacht yn Assen op in dield earste plak. Troch de priis, in dei studiotiid, koe de groep fjouwer nûmers op kassette opnimme mei de titel 'Yn In Sabeare Wrâld'. Se treden in soad op, lykas by [[Aaipop]] en yn [[1989]] kamen hja mei de earste CD: ''Skepper fan de Skepper''.
 
In jier letter, by de rockopera 'Gysbert, Gysbert', dy't yn [[2003]] as earbetoan oan de fjouwerhûndert jier lyn berne dichter [[Gysbert Japiks]] opfierd waard, luts Marius de Boer him werom om him te berieden op syn ynbring. Hy waard yn de rockopera ferfongen troch [[Tsaerd Nauta]]. Op [[2 novimber]] [[2003]] hold de groep op te bestean. Fjouwer bandleden gongen troch ûnder de namme [[Swee]], mar Marius de Boer beslút yn it earstoan te stopjen mei komponearjen en musisearjen. Lykwols begûn er yn 2005 as soloartyst [[Mariusz]].
 
Reboelje hat fan [[2004]] oant en mei [[2007]] mei it liet ''Marije Maria'' boppe oan stien yn de [[Fryske Top 100]]. Ek yn de jierren dêrnei is de band heech yn de list fan de Fryske Top 100 te finen.
 
==Gearstalling==
7.155

bewurkings