Thomas Edison: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
VolkovBot (oerlis | bydragen)
B. (oerlis | bydragen)
L wat taalwizigings
Rigel 1:
[[Ofbyld:Edison and phonograph edit2.jpg|thumb|''De jonge Edison njonken syn fonograaf'']]
'''Thomas Alva Edison''' ([[Milan (Ohio)|Milan]] ([[Ohio]]), [[11 febrewaris]] [[1847]] '- [[West Orange]] ([[New Jersey]]), [[18 oktober]] [[1931]]) wie in [[Feriene Steaten|Amerikaanske]] útfiner mar fral sakeman dy't syn fortún makke troch útfinings fan oaren op te keapjen en de [[patint|oktroaien]] op syn eigen namme fêst te lizzen. As bliken die dat dizzedy súksesfol wiene, perfeksjonearre hy dy en naam se yn produksje. Edison is noch hieltyd rekordhâlder wat it grutste tal patinten oanbelanget dy't oan ien persoan takend binne (± 1400).
 
== Menlo Park ==
De grutste bydrage fan Edison oan de foarútgong wie nei alle gedachten wol it [[laboratoarium|ûndersykslaboratoarium]] fan him yn [[Menlo Park]] ([[New Jersey]]). Dat laboratoarium wie spesjaal opsetten om nije dingen te ûntwikkeljen en [[technology]]ske foarútgong te meitsjen en kin sjoen wurde as it earste kommersjele researchlaboratoarium. Tsjintwurdich beskikt elts technologybedriuw oer in selde soarte lab. It meastepart fan de saken dy't yn Menlo Park betocht en ûntwikkele waarden, krige hy it oktroai fan, hoewol't Edison de lieding hie oer it laboratoarium waard lang net alles troch him sels betocht.
 
De [[gloeilampe]] en de [[fonograaf]] (1877) binne twa fan syn bekendste produkten. Oars as in protte minsken tinke wie Edison net de earste betinker fan de koalstof gloeitried, mar [[Heinrich Göbel]]. Edison ferbettere allinnich it prosedee foar de produksje derfandêrfan. Hy liet ek protte ûndersyk dwaan op it mêd fan de [[telegrafy]]. Yn [[1883]] ûntdekten ûndersikers it nei him ferneamde [[Edisoneffekt]], de stroomoergong yn fakuüm tusken in gloeitried en in metaalplaat, hokker ûntdekking fan belang wie foar de ûntwikkeling fan de [[Elektroanebuis|elektroanebuizen]].
Edison spile ek in wichtige rôlerol by it ta stân kommen fan de technyk fan de film. Fierders hat Edison meiwurke oan de ûntwikkeling fan de [[elektryske stoel]].
 
Edison wie ek belutsen yn in felle konkurrinsjestriid mei [[George Westinghouse]] en syn wichtige meiwurker [[Nicola Tesla]]. Edison wie foarstanner fan in ljochtnet op [[lykstroom]]. Westinghouse wie foarstanner fan [[wikselstroom]]. By dizze '[[elektrisiteitsoarloch]]' waard fan alles úthelle om elkoar swart te meitsjen. Lykwols waard it pleit wûn foar it brûken fan wikselstroom: ditdat is noch hieltyd de noarm fan it elektrisiteitsnet.
 
== Ferskaat ==