Leonardo da Vinci: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
TXiKiBoT (oerlis | bydragen)
Rigel 12:
 
Yn [[1466]] brocht heit syn soan nei in staazjeplak. Heit wie oertsjûge fan it talint fan syn soan. Hy brocht him by de Florentynske keunstner [[Andrea del Verrochhio]]. Yn dat atelier learde Da Vinci skilderjen en om hout, stien en klaai te bewurkjen. Ek learde er hoe't er sulver en goud smeie moast. Da Vinci soarge der foar dat hy alle techniken yn'e macht krige. Hy tekene wat hy seach. It is tige wierskynlik dat Da Vinci meiholpen hat oan Verrocchio’s ruterstânbyld fan Colleoni ([[1483]]-[[1488]]) yn [[Feneesje (stêd)|Feneesje]]. Yn [[1472]] wurdt Da Vinci eigen baas. Hy slút him oan by it Florentynske skildersgilde, De compagnia di san Luca. Hy hat Verrocchio noch wol inkele jierren holpen en hat ek noch in oantal jierren yn syn hûs wenne.
Om-en by [[1473]] skilderet Da Vinci in skilderij wat ûntwurpen is troch Verrocchio. It is de doop fan Kristus. Da Vinci hat besocht om it lânskip wer te jaan as skimerjende mar dôchs organyske wrâld. Dit komt elke kear werom yn syn skilderijen. Grutte belangstelling hat Da Vinci foar de minsklike fysiology. Syn bekendste wurk út dizze earste Florentynske perioade ([[1466]] oant [[1482]]) is de ‘Oanbidding fan de trije keningen' makke [[1481]] oant [[1482]]. Dit grutte skilderij is troch muontsen fan [[San Donato]] yn [[Scopeto]] besteld. It wurk is noait hielendal ôf komd. Yn 1482 giet Da Vinci nei [[Milaan]] om yn tsjinst te gean by hartoch [[Lodovico il Moro]].
 
hij was een coole gozer jeweet:P
 
== De twadde perioade yn Milaan (1482 oant 1499) ==