Skuzum: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
wat oer de skiednis, fan de webstee, letter mear
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
→‎Skiednis: striid tsjin it wetter
Rigel 9:
;Spanjerts
By de gefjochten tusken Skieringers en Fetkopers dogge ek Skuzumers mei om yn 1500 Heinrich fan Saksen te ferjeien. De omstreken fan Makkum, wêrûnder dus ek Skuzum, binne lange tiid beset west troch de Spanjerts. Omdat men bang wie foar oanfallen fan de Wettergeuzen oer de Sudersee, moasten de doarpen mankrêft en hynders leverje foar wachtrinnen op de seediken. Om 1580 wurde de Spanjerts ferjage en brekt in rêstiger tiid oan.
;it wetter
It wetter bliuwt de grutste fijân en elk doarp fan Wûnseradiel krijt in fak fan de dyk tawiisd om te ûnderhâlden. De doarpsrjochters hawwe it tafersjoch. By de dykferhegingen fan 1530 en 1570 binne de dykfearten (ek: seadfearten) groeven. Yn it gebiet tusken Makkum en de Skústertille, leit in stik leechlân tusken de dyksfeart en de hegere lânbougrûnen weihelle, wat wiist op it weiheljen fan grûn foar dykferhegings. De roerige Frânske tiid fan striid tusen patriotten en prinsgesinden liket oan Skuzum foarby te gean, krektas de striid oer tsjerklike en skoallekwestjes.
 
== Befolking ==