Kamp Vught: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L [[]]
oanfollinkje fan nl:
Rigel 4:
 
Dit kamp waard laat fan de [[Schutzstaffel|SS]], oars as de oare kampen. De lizzing waard mei bepaald troch de neite fan [[De Bosk]]; it waard dêrom troch de de Dútsers oantsjut as ''Konzentrationslager Herzogenbusch''. Yn De Bosk wienen in oantal lanlike Dútske ynstellingen en it kamp lei tichteby goede wegen en it spoar. It kamp moast as 'modelkamp' tsjinje. It wie it iennige kamp bûten [[Dútslân]] yn West-Europa dat as [[konsintraasjekamp]] registrearre wie.
 
== Finzenen en deaden ==
Yn totaal hawwe der goed 31.000 minsken yn it kamp fêstsitten, dêr't 12.000 [[Joaden]] Ynder wiene en fierdr politike finzenen, [[Roma (folk)|Roma]] en [[Sinti]], [[fersetsstrider]]s, [[Jehova's Tsjûgen]], [[homoseksueel|homoseksuelen]], swalkers, kriminelen en swarthannelers. Yn it kamp binne frif 735 minsken om it libben kaam; dêr wiene 36 Belgen by.
 
== Nei de kriich ==
Yn septimber [[1944]] waard it kamp ferlitten. Letter hawwe it Nederlânske en alliearde leger it kamp foar in part brûkt. Der waarden Dútsers, kollaborateurs en oarlochsmisdiedigers fêstholden. Nei [[july]] [[1945]] wiene dat ek bern fan [[Nasjonaal-Sosjalistyske Beweging|NSB]]'ers en Nederlânske Dútsers mei kollaborateurs dy't ta de âlderein hearden. 'Goede' Nederlânske bewakers hanthavene in streng rezjym en spilen geregeldwei foar eigen rjochter. Dit regzjym fan willekeur waard fan boppe ôf begjin [[1946]] in ein makke.
 
Yn 1951 krige in part fan it kamp in nije namme: wenoarde Lunetten. Húshâldings fan evakuearre Molukske [[KNYL]]-militêren waarden hjir ûnderbrocht.