Romeinen yn Fryslân: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Bernd (oerlis | bydragen)
red
Rigel 1:
[[Ofbyld:Drusus the elder bust.jpg|thumb|righ|De Romeinske generaal Drusus]]
It tiidrek '''Romeinen yn Fryslân''' leit tusken [[12 f. Kr.]] oant om-ende-by [[400|400 n.Kr.]]. Yn [[12 f. Kr.]] begûn de [[Romeinen|Romeinske]] generaal [[Drusus]] in kampanje yn [[Germaanje]]. Yn dy fjildtocht moete hy de [[Friezen]]. Dy Friezen joegen harren sûnder tsjinstân oer. HjaSe leveren sels soldaten doe't Drusus op it waad yn problemen kaam. Drusus lei de [[Frisii]] in ridlike skatting op yn kowehûden. Wat oars hawwe hja nei alle gedachten net hân.
 
== Status fan de Friezen ==
Rigel 12:
== De swette ==
[[Ofbyld:Wachtposten 1 1x Rheinbrohl.jpg|left|thumb|200px|Romeinske wachttoer oan de grins]]
De opstân besoarge de Frisii in goeie reputaasje by oare Germaanske folken. HjaSy lutsen harren net folle mear oan fan de Romeinen. Kloften Friezen besette lânbougrûn dy't foar soldaten ornearre wie fan [[Rome]]. Ek woene se net út de nije doarpen wei gean dy't se krekt stifte hiene. Yn [[47]] nei Kristus waarden de Friezen op 'en nij ferslein. Diskear troch [[Korbulo]], mar foar in koarte tiid. Fan Korbulo is wis dat er de Frisii wol yn it ryk besocht op te nimmen. Hy boude in fort op Fryske grûn en yntrodusearre bestjoer yn Romeinske styl. Wer't it fort (nei alle gedachten in [[kastellum]]) krekt stien hat is net bekend. Korbulo waard troch keizer [[Klaudius]] lykwols werom ropt en dy lei de Ryn definityf fêst as grins fan it Romeinske ryk.
 
Yn [[54]] nei Kristus feroverjen de Friezen, op inisjatyf fan [[Ferritus]] en [[Maloriks]], it buffergebiet by de [[Ryn]] lâns. Doe't de Romeinen drigen de legioenen yn te setten om de swette wer frij te meitsjen, waard der in delegaasje nei keizer [[Nero]] stjoerd. Dy delegaasje frege goedkar om it gebiet yn besit te nimmen. Nero wegere dit en hiet de Frisii om de Rynstreek te ûntromjen. Doe't de Frisii har net ferplakten, waarden hja koarte tiid letter troch hynstemannen en helptroepen fuortreage.
Rigel 18:
== De Bataafske opstân ==
[[Ofbyld:Rembrandt Harmensz. van Rijn 047.jpg|thumb|Rembrands ferzje fan de opstân dy't de Friezen en Julius Civilis fan de Bataven begûn tsjin de Romeinen.]]
Yn [[68]] nei Kristus gong it gebiet definityf ferlern foar de Romeinen. By it begjin fan it [[Fjouwerkeizersjier]] waard [[Julius Sivilis]] by de Friezen yn feilichheid brocht. De Friezen stypjen de dêrop folgjende opstân fan de Bataven. HjaSy ferneatige twa forten oan de see en krigen in part fan de Romeinske Ryn-Flottylje yn hannen. Dernei leveren hja helptroepen dy't per slot yn de buert fan [[Keulen]] troch [[Keulen|Keulenaars]] fermoard waarden.
 
Fan dy tiid ôf geane de Romeinen en de Friezen ûntspannender mei elkoar om. By in lettere oanfal fan de [[Sjauken]], yn de [[2e ieu]], kamen de Friezen net mear yn opstân. Yn [[Brittanje]] binne grêfskriften fûn út it begjin fan de tredde ieu dy't ferwize nei de Kuneus Frisiorum Finoviensium, Kuneus Frisiavonum Ferkovisensium en de Kuneus Frisionum Aballavensium, ôfdielings fan de helptroepen dy't Friezen stjoerd hawwe, al is it net dúdlik of dit Frisii of Frisiavones wienen.