Guyana: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Xqbot (oerlis | bydragen)
L Bot - derby: mhr:Гайана
oanfolle mei Demografy fan en, -stobbe
Rigel 1:
{{stobbe-geografy}}
{{Lântabel|
eigennamme = Co-operative Republic of Guyana|
Line 46 ⟶ 45:
== Skiednis ==
Oan it begjin fan de 17e ieu waard troch de [[Feriene Keninkryk|Ingelsen]] in begjin makke mei de kolonisaasje fan Guyana. Letter folgen de [[Frankryk|Frânsken]] en de [[Nederlân|Nederlanners]]. As part fan it doetiidske koloanje [[Nederlânsk Guyana]] (Suriname, Berbise, Demerara, en parten fan it binnenlân) kaam it gebiet werom ûnder Britsk bewâld. Yn [[1966]] waard it selsstannich.
 
== Demografy ==
De befolking fan Guyana bestiet út ûngefear 770.000 ynwenners, dêr't 90% fan oan de kust op de smelle kuststripe wennet. De befolking is etnysk sjoen nei ras nochal heterogeen gearstald en stammet haadsaaklik ôf fan ymmigranten dy't nei it gebiet kamen as slaven of kontraktarbeiders út [[Afrika]] en [[Yndia]].
 
De grutste etnyske groepearring binne de [[Hindoestanen]] mei 43,5% fan de befolking (2002). Sy wurde folge troch minsken fan Afrikaanske komôf (30,2%). De tredde kloft yn grutte is fan mingd komôf, de Kreolen (16,7%), wylst de ynhiemske Yndianestammen (Arawak, Wai Wai, Carib, Akawaio, Arecuna, Patamona, Wapixana, Macushi en Warao) de fjirde plak ynnimme mei goed 10% fan de befolking.
 
=== Taal ===
It [[Ingelsk]] is de offisjele taal fan Guyana, wylst yn it deistich libben Guaneesk [[Kreolsk]] sprutsen wurdt. Fierders wurde Karibyske talen (Akawaio, Wai-Wai, Arawak en Macushi) sprutsen troch ynhiemske Yndianen.
 
=== Religy ===
Neffens de folkstelling fan 2002 is 57% fan de befolking [[Kristendom|Kristen]] (fan wa 17% by de Pinkstermienskip hearre, 8% [[Roomsk-Katolike Tsjerke|rooms-katolyk]], 7% [[Angikaanske Tsjerke|Anglikaans]], 5% Sânde-dei Adventisten binne, en 20% by oare kristlike groepearings hearre, Ungefear 28% is [[hindoeïsme|hindoe]], 9% is [[moslim]] (benammen soennitysk), en 2% oars. Om-ende-by 4% fan de befolking hat gjin leauwen. .
 
 
{{Koördinaten|5_44_0_N_59_19_0_W_type:country_region:GY|1°-8° N, 56°-61° W}}