Boksum: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
→‎Tsjerke: hearebank
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
→‎Tsjerke: yngong
Rigel 5:
 
==Tsjerke==
De Sint Margaretatsjerke is boud op in [[terp]] en is omjûn troch in tsjerkhôf. De tsjerke waard oarspronklik boud om it jier [[1100]] en om [[1300]] hinne fergrutte. Yn de noardmuorre sit in tichtmitsele koerbôgige yngong út ûngefear 1500 mei in omlisting fan profylstien. De toer is yn 1843 boud nei in ynstroarting. Ein [[2003]] is de tsjerke, mei in oargel út [[1675]], restaureard. Yn [[2010]] is it oargel werombracht yn âlde steat.
Yn de maaitiid fan [[2002]] waard by de tsjerke in fersierde [[sarkofaach]] fan rôze sânstien fûn. De tsjerke fan Boksum hie altyd twa aparte ‘fakken’: Rjochts de banken fan de froulju en lofts de manlju.<br> De hearebank út [[1661]] hat in bekroaning en in wapen fan Bouricius en Glinstra. Der is ek in tinkboerd út mei in opskrift oer de slach by Boksum yn 1586 út de tiid fan de Spaanske oerhearsking.
Ein [[2005]] fûnen grêfdylgers in grêf mei in ryk fersierde stiennen kiste út de [[12e ieu]].