Wynjammer: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Nije Side: thumb|275px|Wynjammers yn de haven fan [[Hamburch ± 1900]] '''Wyjammer''' is de oantsjutting foar in, meast dwers túgd, grut sylskip dat in de [[19e i...
(Gjin ferskil)

De ferzje fan 18 des 2010 om 18.06

Wyjammer is de oantsjutting foar in, meast dwers túgd, grut sylskip dat in de 19e ieu en it begjin fan de 20e ieu brûkt waard yn keapfardij, nei it ferdwinen fan de klippers.

Wynjammers yn de haven fan Hamburch ± 1900

De term ferwijst nei it typyske âljend lûd dat ûntstiet at de wyn troch it túch fan stieltried blaasd, in hiel oar lûd as wat it âlderwetske touwurk joech. De meast foarkommende, meast effisjinte wynjammertugaazje wie de fjouwermast bark; it resultaat fan lange aerodynamyske stúdzje en iuewen fan ûnderfining mei de seefeart.

De wynjammer wie bedoeld foar tige lange reizen. Sy ferfierden meast bulklading, sa as hout, nôt, en gûano, op ynterkontinintale reizen. Yn it begjin koenen sy de konkurinsje mei steamskippen noch oan, omdat sy hurder woene en gjin wetter en stienkoal hoechden yn te nimmen.

Ferskate fan dizze skippen binne der noch - as skoalleskip, museumskip of omboud ta restaurant.