Burdaard: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
→‎Untstean: Frânske besetting
Rigel 16:
== Skiednis ==
=== Untstean ===
Burdaard is ûntstien as in [[terp]] tsjin de [[Dokkumer Ie]] oan. Yn [[945]] wurdt Burdaard as ''Breitenfurde'' (''Breedfurd'') neamd yn de registers fan it [[kleaster Fulda]]. It liket der lykwols op dat der wolris ferskil wie tusken de namme dy't it kleaster delskreau, en de namme dy't lokaal brûkt waard. Der wurdt oannaam dat yn dit gefal de wiere namme ''Birdwerd'' west hawwe moat, "terp oan de râne" (fan it wetter). It soe ek wêze kinne dat it hjir om in Dútske beneaming gean kin dy't oersetten wurde kin as "brede fuorde". (in fuorde is in ûndjippe trochgong yn in wetter). Yn [[1409]] wurdt foar it earst melding makke fan in plak mei de namme "''Berdawerd''", in foarrinder fan de namme Burdaard. Dêrnei waard it ek noch wol stavere as "''Berdaewerdt''", "''Bierdauwert''" en "''Berdaerdt''".
 
Yn de rin fan de tiid ûntstiet der in streekdoarp. It measte ferkear gie doe oer it wetter, dat de [[Dokkumer Ie]] wie in wichtich skipsfeartswetter. Der kaam sa hannel om de skippen fan it nedige te foarsjen. Ek kamen der ambachtslju dy't mei it wetter te dwaan hienen. Der hawwe sa trije skipshellings west. Dêr waarden foaral fiskersskippen boud.
=== Dokkumer Ie en Frânske besetting ===
Om [[1250]] waard de Ie tusken Burdaard en [[Tergracht]] trochgroeven, en yn [[1506]] wie de earste grutte slatting fan dizze rivier.) Der wurdt melding makke fan in trochwâd oer de Ie by Birdaard. De plaknamme feroare in skoft yn "''Berdawerder(a)tille''". Yn [[1777]] bart de twadde grutte slatting fan de Ie. Flak dêrnei begjint de Frânske besetting.
 
=== Hannel ===