Bueren (It Amelân): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Robbot (oerlis | bydragen)
L Botgeholpen doorverwijzing: Koaipleats - Verwijzing(en) gewijzigd naar Koaipleats (It Amelân)
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
oer de skiednis
Rigel 3:
 
In kilometer fierder nei it westen leit [[Nes (It Amelân)|Nes]]; nei it easten lizze de Koaidunen en dan [[It Oerd (It Amelân)|It Oerd]]. Oars as de oare doarpen op It Amelân is Bueren fan oarsprong in [[streekdoarp]]; dêrtroch is it rommer fan opset as de [[tsjerkedoarp]]en. It toerisme spilet foar it doarp in wichtige rol.
 
== Skiednis ==
Der binne op It Amelân hast gjin fynsten fan foar 1300 bekend. Dat de skipfeart it eilân brûkte as flechtplak wie mooglik it begjin fan de lettere delsettings. By de restauraasje fan de herfoarme tsjerke fan [[Hallum]] die bliken dat de tsjerke boud is op de fûneminten fan in tsjerke út de jierren 1100. Men hie lykwols hope om oerbliuwsels te finen fan it tsjerke út 800 dy't dêr neffens de oerlevering stien hawwe soe. Wol is wis dat It Amelân hast de hiele skiednis troch ûnôfhinklik west hat. Wol wie der faak spul mei har regearders of tusken famylje fan de regearders ûnder elkoar.
 
Nei 1400 waard in neutraliteitspolityk fierd tusken de Hollanners en de Friezen dy't in soad skeel ûnderling hiene. Yn de [[15e ieu]] liet de fermogende Fryske ealman [[Ritske Jelmera]] yn [[Ballum]] in slot sette. Nei ferskate erfeniskwestjes kaam dit úteilik yn hannen fan Hayo Jelmera, letter bekend as [[Hayo fan Cammingha]].
 
De famylje hie it mear as twahûndert jier lang foar it sizzen. Yn dy jierren wie der wol ûnienigens mei wettergeuzen, mar oer it generaal wist it eilân neutraal te bliuwen, bygelyks yn de oarloch mei Spanje. De neutraliteit waard erkend troch de Fryske Steaten mar net troch de Steayen fan Hollân dy't sels oanspraak makken op it eilân.
 
Oant 1600 bleau it ûnrêstich op It Amelân, meidat de eilanners mienden dat de hearskers tefolle macht hienen. Mei hurde hân waard dêr in ein oan makke en yn 1629, oe't Spanje opnij de neitraliteit fan It Amelân erkende, kaam de rêst werom.
 
Yn 1681 stoaf de lêste Cammingha en it eilân gie oer yn hannen fan de famylje Theo Schwartsenberg Hohenlandsberg, dy't it yn [[1704]] foar 170.000 gûne ferkocht oan [[Johan Willem Friso]], erfsteedhâlder fan Fryslân. It Amelân wie foar it earst yn hannen fan de Oranjes.
 
Nei meardere wikselingen fan eigener kaam it slot yn hanen fan keapman Jan Scheltema, dy't it yn 1829 ôfbrekke liet.
 
== Jutterij ==
Line 12 ⟶ 25:
 
== Mienskip ==
* It doarpshûs fan BurenBueren hjit [['t Wantij]]. Tegearre mei [[Nes (It Amelân)|Nes]] hat Bueren in sportferiening foar fuotbal, gymnastyk en badminton.
* Tegearre mei [[Nes (It Amelân)|Nes]] hat Buren in sportferiening foar fuotbal, gymnastyk en badminton.
 
== Ynwenners ==
Line 32 ⟶ 44:
 
== Nijsgjirrich ==
* De [[Amelânske Daam]] wie de daam dy't fan 1872 oant 1882 fan Holwert nei Bueren ta rûn.
 
== Sjoch ek ==
* [[Fryske doarpen]].
 
{{Boarnen|boarnefernijing=
== Keppeling om utens ==
* [http://www.ameland.nl/ Offisjele webstee It Amelân]
* [http://www.dorpshuiswantij.nl/ It doarpshûs]
* [http://amelandinbeeld.cjb.net/ It Amelân yn byld]
}}
 
{{koördinaten|53_26_50_N_5_47_56_E_type:city_zoom:14_region:NL|53° 27' NB, 5° 48' EL}}