Burdaard: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
MeinRei (oerlis | bydragen)
LNo edit summary
Rigel 33:
Om [[1860]] hinne wurde in oantal trochgeande diken dy't troch Burdaard rinne ferhurde, te witten de wegen nei [[Jislum]], [[Wânswert]] en [[Steenendam]].
 
YnnYn de nacht fan 15 op 16 augustus 1944, yn de [[Twadde Wrâldoarloch]], waard it hûs fan prominint fersetslid Freerk Leystra mei hângrenaten ferwoaste en yn de lôge setten, as represaille nei in fjoergefjocht yn en om it hûs tuske trije fersetsleden, wêrûnder Leystra sels, en in oantal leden fan de [[Sicherheitsdienst|SD]], wêrby't twa fan de trije SD'ers it libben ferlearen. Yn dyselde nacht ferlieten in soad Burdaarders it doarp koarte tiid, út eangst foar de Dútske besetter, om even letter werom te kommen. Leystra is oant de ein fan de oarloch ûnderdûkt bleaun.
 
Om [[Jieren '70|1970]] lûkt in ekoniomyskje malêze troch it doarp, mei as gefolch dat in soad winkels ophâlde te bestean. Yn [[1972]] begûn in grut [[ruilferkaveling|ruilferkavelingsprojekt]] en om [[2000]] wreide it doarp flink út nei in nijbouprojekt oande westkant fan it doarp, oan de [[Dokkumer Ie]].