Burdaard: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
MeinRei (oerlis | bydragen)
LNo edit summary
L opmaak
Rigel 11:
postkoade = 9111-9112 |
}}
[[Ofbyld:Burdaard brêge.wiki.jpg|right|frame|Burdaard op in gravuere fan [[J. Bulthuis]], ein fan de 18de ieu.]]
'''Burdaard''' (''offisjeel Frysk, Nederlânsk: Birdaard'') is in plak yn [[Ferwerderadiel]] mei 1.141 ynwenners (02-06-2008). Sûnt [[1973]] is it ien doarp mei it eardere [[Wânswert oan 'e Streek]]. De Burdaarders moasten oant de [[gemeentlike weryndieling]] fan [[1984]] foar't se ûnder deselde gemeente foelen. Se bekroaden har der net folle oer. Allinne by de gemeenterieferkiezings hongen oan beide kanten fan de Ie ferskillende biljetten.
 
== Skiednis ==
=== Untstean ===
[[Ofbyld:Burdaard brêge.wiki.jpg|right|frame|Burdaard op in gravuere fan [[J. Bulthuis]], ein fan de 18de ieu.]]
Burdaard is ûntstien as in [[terp]] tsjin de [[Dokkumer Ie]] oan. Yn [[945]] wurdt Burdaard as ''Breitenfurde'' (''Breedfurd'') neamd yn de registers fan it [[kleaster Fulda]]. It liket der lykwols op dat der wolris ferskil wie tusken de namme dy't it kleaster delskreau, en de namme dy't lokaal brûkt waard. Der wurdt oannaam dat yn dit gefal de wiere namme ''Birdwerd'' west hawwe moat, "terp oan de râne" (fan it wetter). It soe ek wêze kinne dat it hjir om in Dútske beneaming gean kin dy't oersetten wurde kin as "brede fuorde". (in fuorde is in ûndjippe trochgong yn in wetter). Yn [[1409]] wurdt foar it earst melding makke fan in plak mei de namme "''Berdawerd''", in foarrinder fan de namme Burdaard. Dêrnei waard it ek noch wol stavere as "''Berdaewerdt''", "''Bierdauwert''" en "''Berdaerdt''".
 
Rigel 62:
 
== De tsjerken ==
[[Ofbyld:Burdaard Herf. tsjerke.wiki.jpg|frame|right| De Herfoarme tsjerke op in âlde oansichtkaart]]
 
=== De Herfoarme tsjerke ===
[[Ofbyld:Burdaard Herf. tsjerke.wiki.jpg|framethumb|rightleft| De Herfoarme tsjerke op in âlde oansichtkaart]]
 
De Herfoarme tsjerke út [[1851]] stiet wat bûten it doarp op de terp mei de pleats Grut Wytsma. It hat noch al wat drokte jûn om de tsjintwurdige tsjerke te bouwen. Burdaard/[[Jannum]] wie in earme gemeente en neffens it plan soe der in foarse tsjerke komme. De hegere tsjerklike ynstânsjes hawwe dat plan ôfkard. Burdaard is doe mei in ienfâldiger plan kommen. As foarbyld tsjinne de tsjerke fan [[Ikkerwâld]]. It Adema-oargel is makke foar de [[Roomsk-Katolike Tsjerke]] yn [[De Kuunder]]. Yn 1871 is it ferpleatst nei Burdaard.