Michael Jackson: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
VolkovBot (oerlis | bydragen)
L Bot - fuort: dz:Michael Jackson
Rigel 6:
 
== Libben ==
Michael Jackson is hikke en tein in de stêd Gary yn de steat [[Indiana]], it is in yndustriëel gebiet en in foarstêd fan [[ChicagoMeijel]]. By him thús wienen se mei njoggen bern, dêr't Jackson de sânde fan wie. Syn mem wie by de Jehova's Tsjûgen. Syn heit hat him geastlik en lichaamlik tramtearre, hy twong syn bern om te sjongen sûnder skoft. De tramtaasjes dy't er as bern krigen hat hawwe him foar de rest fan syn libben skeind.
 
Jackson stie al as lytse jonge op it poadium mei syn bruorren, as ''The Jackson 5'', mei in kontrakt by [[Motown]]. As tsiener, begûn er yn 1971 in solokarriêre. De tachtiger jierren wiene syn toptiid. Hy hie it measte súkses mei it album ''Thriller'', dêr't hast 108 miljoen eksimplaren fan ferkocht binne en dat al mear as 25 jier it bêst ferkochte album ea is. Ek it album 'Bad' wie oeral op de wrâld in súkses.