Follybal op de Olympyske Simmerspullen: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
MeinRei (oerlis | bydragen)
wurk
MeinRei (oerlis | bydragen)
oanfolling fan en
Rigel 1:
{{wurk}}
'''[[Follybal]]''' is ien fan de acht '''[[Olympyske sport]]en''' dy't yn team ferbân beoefene wurde.
Sûnt 1964 stiet [[follybal|sealfollybal]], foar manlju en froulju, op it program fan de [[Olympyske Spullen]] as medaljesport. Yn 1996 waard it [[strânfollybal]] oan it Olympyske program taheakke.
 
== Skiednis ==
=== Untstean ===
Op de [[Olympyske Simmerspullen 1924]] yn [[Parys]] waard de [[Amearika|Amearikaanske]] sport follybal as demonstraasje sport spile. Nei de [[Twadde Wrâldkriich]] woekse it follybal hurd, sa waard it [[FIVB]] en oare kontinetale bûnen oprjochte. Yn [[1957]] waard der in spesjaal follybal toernoai opset om it [[IOC]] der fan te oertsjûgen dat it follybal in Olympyske sport wurde moast. Dat slagge: op de [[Olympyske Simmerspullen 1964]] waard it follybal yntrodusearre.
 
Op de earste twa edysjes fan it toernoai, yn [[Follybal op de Olympyske Simmerspullen 1964|1964]] en [[Follybal op de Olympyske Simmerspullen 1968|1968]] spilen alle teams tsjin mekoar, dêrút folge dan in rangskikking. In neidiel fan dat systeem is dat it publiek de ynteresse yn de wedstriid net fol hâlde kin. Yn [[Follybal op de Olympyske Simmerspullen 1972|1972]] waarden de kwartfinales, heale finales en de finale yntrodusearre op de Spullen. Dat systeem is doe standert wurden.
 
It tal dielnimmers is sûnt de earste edysje, yn 1964, stadichoan groeid. Sûnt [[Follybal op de Olympyske Simmerspullen 1996|1996]] dogge der by it sealfollybal by sawol de manlju as de froulju tolve lannen mei. [[Strânfollybal]] wie in demonstraasje sport op de [[Olympyske Simmerspullen 1992]], dêrnei waard it yn [[Follybal op de Olympyske Simmerspullen 1996|1996]] yntrodusearre as offisjele Olympyske sport. By it toernoai fan de strânfollyballers dogge der sawol by de manlju as de froulju 24 duo's mei. Yn totaal meie der mar fjouwer duo's út itselde lân meidwaan. Foar it gastlân en in lân dat in wildcard krigen hat, is der in plakje reservearre.
 
== Underdielen ==