Ferwâlde: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
red
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
Rigel 15:
== Mole ==
Oant 1930 hat hjir in [[mole]] stien dy't de [[Fallingabuorster- en Aaltsjemarpolder]] bemealde. De mole stie al yn de [[Schotanusatlas]], dat dy moat der al foar 1718 stien hawwe.
 
== Tsjerke ==
De doarpstsjerke eaget mei har kleurige bepleistere uterlik noch net sa âld; lykwols moat se al datearje út de twadde helte fan de13e ieu. Mar der geane ek ferhalen dat tsjerke en toer yn 1762 ôfbrutsen binne mei it doel de [[dowestien]]nen te ferkeapjen oan de semintyndustry fan [[Makkum]]. Yn [[1767]] wie de nije tsjerke mei in spits tuorke op de westlike gevel klear. De lêste ‘fernijing’ fan de tsjerke wie yn [[1877]]. It skip hat in trijekantich sletten koar en op de westlike gevel stiet in houten tuorke. De tagongspoarte is fersierd mei bak- en sânstien en hat in fronton mei opskrift en it jier 1767. De famyljebank fan Van Velzen datearret út de [[18e ieu]] en in ienfâldiger bank mei draaide balusters is nóch in ieu âlder.
 
== Doarpswapen ==