'''SK Cambuur Ljouwert''' is in profesjonele fuotbalklub út [[Ljouwert (stêd)|Ljouwert]]. De klup waard oprjochte op [[19 juny]] [[1964]] as de ferfanger fan [[VV Ljouwert]] dy’t nei de amateurs werom kearde. De klup spilet yn it [[Cambuur stadion]] dêr't goed 10.000 minsken yn kinne. Cambuur hat twa kear promovearre west nei de [[Earedivyzje (fuotbal)|Earedivyzje]] en spile yn totaal fjouwer jier op it heechste nivo. Sûnt de lêste degradaasje yn 2000 komt de Ljouwerter klup wer út yn de [[Earste Divyzje (fuotbal)|Earste Dyvyzje]].