Lân Woersten: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L red. en sa
L [[]] en sa
Rigel 4:
Yn it jier [[1517]] ferlear it Lân Wûrsten syn [[Fryske frijheid]]. Yn de [[Slach by it Wremer Djip]] fan 1517 stoar flaggedraachster Tjede Peckes. Sawat oant [[1700]] ta hawwe de Wûrstfriezen dêr noch (foar in part) [[Wûrstfrysk]] praat. Dêrnei waarden it [[Platdútsk]] en foaral it [[Heechdútske talen|Heechdútsk]] de talen yn it Lân Wûrsten.
 
Hjoed heart dizze histoaryske regio by de ''Samtgemeinde Land Wursten'' yn de ''Landkreis Cuxhaven''. De Samtgemeinde Land Wursten waard op 1 maart 1974 foarme en bestiet út de sân gemeenten Cappel, [[Dorum]], [[Midlum]], [[Misselwarden]], [[Mulsum]], [[Padingbüttel]] en [[Wremen]]. It [[toerisme]] is fan grutte betsjutting yn it Lân Wûrsten. Yn Wremen en Dorum binne der treinhaltes op de spoarferbining Bremerhaven-Cuxhaven.
 
[[Kategory:East-Fryslân]]