Gerkeskleaster: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
wynmotor
Rigel 10:
postkoade = 9873 |
webstee = [http://www.gerkesklooster-stroobos.nl www.gerkesklooster-stroobos.nl] |
}}
}} [[Ofbyld:4388 Stroobos.JPG|thumb|''[[Wynmotor Strobos]]'']]
'''Gerkeskleaster''' is in doarp yn it noardeasten fan de gemeente [[Achtkarspelen]], oan it [[Prinses Margrietkanaal]]. It doarp hat sa'n 827 ynwenners.
 
Line 17 ⟶ 18:
De doarpen lizze yn in [[klaai]]gebiet, dat it typyske karakter fan De Wâlden mist; hjir gjin dykswâlen, mar in iepen lânskip. De doarpen foarmje ien geheel. Oant [[1993]] waard it doarp Strobos trochsnien troch de grins mei de Grinslanner gemeente [[Grootegast]], dy't tagelyk ek de grins mei de provinsje [[Grinslân]] foarme. Omdat dit allerhande praktyske beswierren joech, is it Grinslanner diel fan Strobos nei Achtkarspelen oergien. De lizzing oan it [[Prinses Margrietkanaal]]/[[Van Starkenborghkanaal]] is al hiel lang fan grut belang foar dizze doarpen. De yndustry krige dêrfoar al gau in kâns, en der sitte dan ek in pear grutte bedriuwen.
 
== Skiednis ==
Yn it earstoan lei hjir de delsetting ''Wigerathorp''. De grutgrûnbesitter Gercke Harkema út [[Twizel]] liet der yn [[1240]] troch muontsen út it kleaster [[Klaarkamp]] in [[kleaster]] stiftsje, ''Jeruzalem'' neamd, dat yn [[1249]] yn de [[Cisterciënzers|Sistersjenzer kleasteroarder]] opnomd waard. Der waard teffens in tsjerke stiften, wêrtroch't de delsetting ien fan de acht [[kerspel]]s (tsjerkedoarpen) waard. Yn de praktyk waard it kleaster ''Gerckes' kleaster'' neamd. Dy namme gie oer op de delsetting. De nôtmole fan dat kleaster hat der wierskynlik oant [[1580]] stien.