Gersleat: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
tsjerke
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
wat geografy der by setten
Rigel 12:
[[Ofbyld: Klokkenstoel Gersloot 02w.JPG|thumb|right|250px|Klokkestoel Gersleat]]
'''Gersleat''' (''Gersloot'') is in doarp yn de gemeente [[It Hearrenfean (gemeente)|It Hearrenfean]]. Gersleat leit yn it noardwesten fan de gemeente, en foarme foar [[1934]] mei de doarpen [[Terbant]], [[Lúnbert]] en [[Tsjalbert]] de gemeente [[Aenjewier]]. De fjouwer doarpen wurde noch altyd ''Aenjewier'', of ''De Streek'' neamd.
In pear kilometer benoarden De Streek leit it natuergebiet [[De Deelen]], in lânskip mei in ôfwikseling fan petgatten en stripen.
 
De trije doarpen binne mei it noardeastlike gedielte fan It Hearrenfean yn [[1936]] by Skoatterlân foege om sa de gemeente [[It Hearrenfean (gemeente)|It Hearrenfean]] te foarmjen.
Op it begraafplak stiet ek ien fan de [[klokkestuollen yn Fryslân]]. Oant 1834 stie op it begrafplak de protestantse tsjerke fan Gersleat. Dy wie yn of koart nei 1735 boud as ferfanging fan in âldere brekfallige tsjerke. De predikant wie tagelyk dûmny fan de oare doarpen fan Aenjewier. De befolkingfan it [[Opsterlân]]ske doarp [[Lúkswâld]] hearde yn elk gefal oant yn de [[18e ieu]] tsjerklik ûnder gersleat.
 
Gersleat foarmet it meast eastlike gedielte fan de oan de Aenwirderwei frijwol ûnûnderbrutsen trochrinnende bebouwing fan de fjouwer doarpen. Oan de ein fan Gersleat is de bebouwing tinner. Mei ek omdat der nei de oarloch net folle mear boud is, is hjir de sfear te priuwen fan in wenmienskip midden yn it útfeane lân dat wer yn kultuer brocht is.
 
Ek de streken noardeastlik by de Aldeweisterfeart en dy oan de Hegedyk, dy‘t nei it suden ta, rjochting Lúkswâld rint, hearre ûnder Gersleat.
 
It doarp wie yn de tiid fan de [[18e ieu|18e]] en de [[19e ieu]] in sintrum fan de ferfeaning. Op de gritenijkaart fan de atlas fan Eekhoff út it midden fan de 19e ieu docht bliken dat hast de hiele omjouwing fergroeven wie en ûnder wetter lei. Allinne de ûnder Gersleat fallende Aldeweisterpolder is yn 1776 droechmeald en wer yn kultuer brocht. Itselde wie doe krekt (yn 1851-1852) bard mei de wat gruttere polder súdlik dêrfan.
 
Op it begraafplak stiet ek ien fan de [[klokkestuollen yn Fryslân]]. Oant 1834 stie op it begrafplakbegraafplak de protestantse tsjerke fan Gersleat. Dy wie yn of koart nei [[1735]] boud as ferfanging fan in âldere brekfallige tsjerke. De predikant wie tagelyk dûmny fan de oare doarpen fan Aenjewier. De befolkingfan it [[Opsterlân]]ske doarp [[Lúkswâld]] hearde yn elk gefal oant yn de [[18e ieu]] tsjerklik ûnder gersleat.
 
In pear kilometer benoarden De Streek leit it natuergebiet [[De Deelen]], in lânskip mei in ôfwikseling fan petgatten en stripen.
 
== Mienskip ==