De Harkema: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
red
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
Rigel 17:
 
== Skiednis ==
[[Bouwe Harkema|Bouwe]] of Buvo Harckema libbe yn deselde tiid as syn broer Gercke (nammejouwer fan Gerkeskleaster en bouwer fan it kleaster 'Jerusalem' by it lettere [[Gerkeskleaster]] en dat in grutte rol spile hat by de [[feanterij|ferfeantingen]]) en hy liet ek in kleaster bouwe, yn [[Droegeham]] yn [[1242]]. Ek dit kleaster hat in rol spile yn de ferfeantings en dêrtroch yn it ûntstean fan De Harkema. De namme De Harkema komt lykwols al earder foar. Tusken it [[Bouwekleaster]] en Stynsgea lei in boerestreek, Harckema-Opeinde. De namme fan de streek waard ûntliend oan Buvo Harckema. Troch alderlei omstannichheden soe dizze streek ferdwine.

Sawat healwei Droegeham en Stynsgea lei yn de [[17e ieu|17e]] en [[18e ieu]] oan beide kanten fan de wei it âlde, langhalige [[lintdoarp|streekdoarp]] De Harkema-Opeynde. It doarp as boeremienskip ferdwûn, mar op de súdliker lizzende heidefjilden ûntstie yn de folgjende ieu in nije bewenning yn de foarm fan tige ienfâldige wenten en in soad '[[Spitkeet|spitketen]]'. Doe't nei de ferfeantings op de Surhuzumerheide in doarp ûntstie, krige dat de namme De Harkema-Opeinde, dat tsjintwurdich De Harkema hjit. Yn de folksmûle waard it doarp ek wol De Pein of Opein neamd. Mar [[Smellingerlân]] en de provinsje [[Grinslân]] (Grinzer-Opende) sprieken fan in Opeinde. Dêrom waard wat De Harkema oanbelanget leaver fan De Harkema-Opeinde, de Hamsterpein, de Hamsterheide of De Harkema sprutsen. De earste en lêste namme hawwe noch lang brûkt west troch de âlderein. Yn 1688 wie der al sprake fan wat bewenning yn it '[[Heechfean]]' op de [[himrik]] fan [[Surhuzum]]. Nei 1700 ûntwikkele him dêrút in heedoarp. Yn 1794 waard sprutsen oer in heidearbeider, dy't op de Hamsterheide wenje soe. Yn 1844 wie der yn De Harkema sprake dan in fersprate bewenning.
 
=== Spitketen ===