Hilaard: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
doarpstabel
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
→‎It Besjen wurdich: oer it wapen en de flagge
Rigel 25:
It besjen wurdich yn Hilaard binne de [[13e ieu]]ske toer, dêr tichtby in goatysk tsjerkje en in grêfmonumint (pitaaf ) út [[1656]] foar Hobbe van Aylva en Frouck van Aylva.
Yn Hoptille stiet noch it tolhûs mei it Boalserter wapen.
 
== Doarpswapen en flagge ==
Yn it skyld stiet in klokfoarmige dieling fan blau en goud. Dizze dieling ferwiist nei de unike klokgevel fan de toer, yn giele stien oplutsen. Dêrom is it ûnderste diel ek fan goud. Yn it blau steane twa gouden leeljes, die't beide ferwize nei de wapens fan de famyljes Van Aylva en Mockema, wêryn ek leeljes te finen binne. Beide famyljewapens binne foar it measte part blau.<br>
It wichtigste middel fan bestean yn dizze omkriten is de feefokkerij, wêrom dan ek in oansjende kowekop fan it Fryske swartbûnte ras yn it gouden fjild pleatst is: In swarte kowekop mei in kylblês (wyt).<br>
It skyldhaad is read mei in sulveren krús. Dit tsjut op it Laam Gods en is in attribút fan Johannes de Doper. Johannes wiist op Jezus as it laam fan God dat de sûnde fan de wrâld weinimt. Yn de tsjerklike en heraldyske tradysje draacht it Laam fan God in wyt findel mei in read krús. Om estetyske redenen binne de kleuren fan it findel omkeard. De betsutting feroaret dêr lykwols net om. It read is it bloed fan Kristus en it wyt is de himelske reinheid. It reade skyldhaad mei it sulveren krús wol dit werjaan.
;De flagge
De flagge hat, lykas it wapen, de unike klokfoarmige dieling, diskear yn read, wêryn de giele leelje út it wapen stiet. Oanslutend op de klok in blauwe baan, dy't foar de[[ Hilaarder Feart]] stiet. Dizze feart rint benoarden it doarp nei it easten en dan mei in bocht wer nei it westen, krekt as yn de flagge. Eartiids wie de feart in wichtig kommunikaasjemiddel mei de bûtenwrâld foar Hilaard. De flecht fan de flagge is giel, dat ferwiist nei it ûnderste diel fan it wapen.
 
== Mienskip ==