Janko Douwama: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L Jancko Douwama werneamd ta Janko Douwama, wat in synonym wie: oerlis
red
Rigel 1:
'''Janko Douwama''', yn âlde skriften meastentiids ek skreaun as '''Jancko Douwama''' of '''Jancko Douwema''', ([[Aldeboarn]], [[1482]] - [[Vilvoorde]], [[13 april]] [[1533]]) wie in Fryske frijheidsstrider.
 
HyJanko Douwama wie út it [[Fetkeapers|Fetkeaperske]] fermidden ôfkomstich en ferliet by de komst fan'e Saksen it lân. Hy kaam yn 1502 werom en waard ien fan de lieders fan de ûntefreden Friezen yn de [[Saksentiid]]. Douwama die earst mei mei de Geldersken (1514), mar rekke yn 1520 yn ûngenede. Hy holp [[Karel V fan it Hillige Roomske Ryk|Karel V]] by de bemastering fan Fryslân. Hy waard as ferrieder wantroud troch beide partijen. Hy kaam tsjinoer de steedhâlder [[Georg Schenk fan Toutenburch]] te stean, dy't, tegearre mei [[Keimpe fan Martena]], syn ûndergong bewurkje soe. Douwama stie ek yn kontakt mei East Fryslân. Op [[12 juny]] [[1523]] waard hy finzen setten.
 
Oft hy werklik yn [[Vilvoorde]] syn Memoires (Skriften útjûn troch it [[Frysk Genoatskip]], 1849) skreaun hat, is op syn minst twiveleftich. Douwama moat sjoen wurde as in Frysk nasjonalist. Syn ideeën waarden oernommen troch [[Syds Scheltes Tjaerda|Syds Tsjaarda]] en [[Karel Roarda (politikus)|Karel Roarda]]. Yn 1943 publisearre de nasjonaalsosjalistyske útjouwerij De Schouw in roman oer syn libben, ''Heer Jancko Douwama van Oldeboorn'', skreaun troch de Fryske dûmny [[Steffen Bartstra]].
 
==Doumalien==
It kaptaal dat JanckoJanko Douwama efterliet is yn in stifting ûnderbrocht. By dy stifting kinne studinten in oanfraach yntsjinje foar in bydrage yn de ûnkosten fan har stúdzje. Op dit stuit (2007) is de stifting dwaande harsels breder bekend te meitsjen middels de publikaasje fan in webside.
 
== Memoires==
Rigel 15:
}}
 
{{DEFAULTSORT:Douwama, JanckoJanko}}
[[Kategory:Frysk persoan]]
[[Kategory:Skiednis fan Fryslân]]