Dokkumer Grutdjip: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L red. en soks
Xqbot (oerlis | bydragen)
L r2.5.2) (Bot - oars: nl:Dokkumer grootdiep; tekstwiziging
Rigel 1:
It '''Dokkumer Grutdjip''' as '''Dokkumer Djip''' wie eartiids de ferbining fan [[Dokkum]] nei iepen see. It wie in smelle see-earm dy't fanút de [[Lauwerssee]] oant Dokkum ta nei it westen kaam. Foar de oanlis fan de earste diken wie it Dokkumer Djip al de ôfwettering fan it sintrale part fan [[Eastergoa]].
 
== Foar de ôfslúting ==
Yn [[1583]] waard yn Dokkum in nije [[syl]] oanlein. Dizze syl kaam yn plak fan de [[Aldsyl]] oan de westkant fan Dokkum. Tusken de Aldsyl en Dokkum leine ek noch de [[Boarnwirder Syl]] foar de ôfwettering fan West-Dongeradiel en de [[Dantumasyl]] foar de ôfwettering fan it westlik part fan Dantumadiel. Hjirmei ûntstiene fuort swierrichheden omdat [[West-Dongeradiel]] en [[Dantumadiel]] it wetter net mear goed kwyt koene.
 
Rigel 8:
De diken oan beide siden fan it Dokkumer Djip tsjinnen dêrom ek noch lange tiid as seediken en binne yn it lânskip noch dúdlik oanwêzich. Yn de súdlike dyk, de [[Wâlddyk]], wiene ek noch trije silen foar de ôfwettering fan it lân. Fan west nei east de [[Driezumer Syl]], dêr't de [[Driezumer Sylried]] yn it djip útkaam; dan de [[Aldwâldmersyl]], dêr't de [[Aldswemmer]] troch yn it djip útkaam; as lêste de [[Kollumer Syl]] dêr't de [[Kollumer Sylried]] syn wetter yn it Dokkumer djip spijde.
 
Yn de omkriten fan de Aldwâldmersyl is by in dyktrochbrek op [[22 febrewaris]] [[1651]] in grut [[wiel]] ûntstien. De dyk is letter bûten it plak fan de trochbrek om lein, en yndyks bleau it wiel, it [[Mâlegraafsgat]], oer.
 
== De ôfsluting ==
By de ôfsluting wie it plan om troch in ôfslútdyk en in ôfwetteringssyl mei [[skutslûs]] oan te lizzen it Dokkumer djip fan de Lauwerssee ôf te sluten. De Ljouwerter arsjitekt [[Claas Bockes Balck]] moast de slûs bouwe, de wetterboukundige [[Willem Loré]] moast mei de ôfslútdyk rêde.
 
Rigel 17:
Op [[2 july]] [[1729]] wie de ôfsluting klear. Troch de ôfsluting kaam sa'n 600 bunder bougrûn beskikber. En de trije silen yn de [[wâlddyk]] waarden oerstallich. Yn stee fan sa'n 24 kilometer seedyk oan de noard- en súdkant fan it djip wie no sa'n 2 kilometer seedyk oerbleaun. By de nije sylen is it buorskip [[Dokkumer Nije Silen]] ûntstien.
 
== Nei de ôfsluting ==
Yn de [[19e ieu]] binne tal fan bochten yn it djip rjochtlutsen. Dêrtroch is der in rige fan fjouwer eilannen ûntstien, mei it nije kanaal fan it Dokkumer Djip oan de noardkant, en in meänder fan it [[Alddjip]] oan de súdkant. It grutste fan de fjouwer is it eastlikste eilân, tsjin [[Ingwierrum]] oer. Op dit eilân lizze in pear pleatsen en steane wat hûzen. It eilân is allinnich te berikken fia de brêge by Ingwierrum.
 
Rigel 25:
[[Kategory:Wetter yn Dongeradiel]]
 
[[nl:DokkumergrootdiepDokkumer grootdiep]]