Branwell Brontë: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L plaatsje ferset
L [[]]
Rigel 4:
 
==Jeugd==
Branwell Brontë wie de fjirde fan seis bern en iennichst soan fan [[Patrick Brontë]] en [[Maria Branwell|Maria Branwell Brontë]]. Hy waard berne yn [[Thornton, (West Yorkshire|Thornton)]], ûnder [[Bradford]], [[Yorkshire]], en ferhûze mei de húshâlding nei [[Haworth (West Yorkshire)|Haworth]] dêr't syn heit dûmny waard yn 1821.
 
Fan de fjouwer bern dy't folwoeksen waarden, soe Branwell Brontë it measte talint hân hawwe, teminsten yn syn berne- en jeugdjierren. Wyls fjouwer fan syn fiif susters nei kostskoalle stjoerd waarden yn [[Cowan Bridge]] (dêr't de twa âldsten, Maria en Elizabeth [[tuberkuloaze]] skipen en ferstoaren), krige Branwell ûnderrjocht fan syn heit, dy't him klearsteamde foar talitting yn [[Oxford]] of [[Cambridge]].