Terkaple: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
→‎Ferienings: Nije side UTY oanmakke [[
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
→‎Mienskip: oer it kafee ; Boarne: Oare Tiden
Rigel 100:
Yn 1958/1959 waard de tempo ferfongen troch de Volkswein mei iepen bak en noch sa’n 8 jier letter kaam it Volksweinbuske. Dêr hat Hoekstra mei sutele oan 1975 ta. Neist griente hat hy der dy lêste perioade ek noch molke- en krudeniersspul by ferkocht, doe’t de molktaper en winkelman ophâlden. Simmers wie it mei de camping achter hûs noch wol aardich. De toeristen stutsen mei in boatsje oer en wachten bûtendoar oant se oan bar wienen yn de winkel. Dy wie mei 2 minsken deryn al fol, want de winkel wie mar lyts.
Sutelje: je hienen it de hele wike drok, mar it wie wol “gemoedlik”. Je kamen by elkenien thús, hienen je fêste kofjeadreskes, moasten soms even helpe om de wask fan de line te heljen as it begûn te reinen of even helpe de gerdinen op te hingjen. Klusjes dy’t derby hearden. Ein 1974 binne Hoekstra en syn frou ophâlden mei de saak. De klad kaam deryn, it koe finansjeel net mear út. De supermerken kamen op; minsken waarden mobyl en hellen sels harren boadskippen op. Hoekstra koe wurk by Smilde krije en Terkaple-Eagmaryp krige tenei de SRV-bus.
 
=== Kafee Schaafsma ===
 
Yn it begjin fan de [[20e ieu]] wie it kafee fan widdo Schaafsma it sosjale moetingsplak fan Terkaple-Eagmaryp.
Gerke Gerrits Schaafsma (berne 1832) is timmerman yn Terkaple en begjint sa ±1863 mei syn kafee by de brêge, op it plak dêr’t no famylje Andringa wennet (earder Noordmans). Hy timmert aardich oan’e dyk, want as je it archyf fan de Leeuwarder Courant neiplúzje, dan sjoch je dat hy as timmerman gewoan syn bedriuw hat en dêr neist it kafee draait.
Der wurde geregeld feilingen hâlden yn it kafee of feestjûnen mei toaniel en dûnsjen. Ek [[Waling Dykstra]] komt yn it kafee te spyljen mei syn beroemde [[Winterjûnenocht]]. Winters organisearret Schaafsma reedriderijen en simmers hurddraverijen foar hynders.
It reedriden wurdt earst sels organisearre en nei [[1876]] yn gearwurking mei de doe oprjochte iisklup “De Trije Doarpen”. Der waard riden om fikse jildprizen (in earste priis fan fl. 70,-- wie in soad jild yn dy tiid). Je moasten ynlis betelje om mei te dwaan, mar dit bedrach koenen je wer werom fertsjinje as je de earste list wûnen. In goede motivaasje om te winnen.
Soenen dizze wedstriden ek op de [[Hearringfeart]] riden wêze? It stiet der net by yn de advertinsjes, mar it wie fêst net sa fier fan it kafee ôf, want der moast fansels wol wat fertard wurde sa’n dei.
En simmers it organisearjen fan in draverij foar hynders. Dat waard yn de [[19e ieu]] in soad dien; it wie in populêre sport. Der wienen hynders dy’t beroemd waarden, omdat se safolle draverijen wûnen. Ek wer om grou jild of om sulveren gebrûksfoarwerpen sa as in tabakspot. Waling Dykstra skriuwt der bg. sa oer: ''Als de tijd daar is voor de optocht naar de harddraversbaan openen muzikanten de trein. Daarop volgen de aangegeven paarden, bereden door hun pikeurs. De leden van de keurcommissie, omringd door een dichte drom van nieuwsgierigen, komen achteraan. Intussen gaat de harddraverij zijn gang. De keurcommissie, in twee gedeelten gesplitst, heeft op de beide einden van de baanpostgevat. Een paar kampende paarden lopen om ’t hardst langs de baan, heen en terug. Komt hetzelfde paard beide keren het eerst over de streep, dan is ’t andere voorgoed van de partij af. Echte liefhebbers van harddraven volgen met gespannen aandacht de hele kampstrijd. Zij zijn vol bewondering wanneer een paard, in flinke, geregelde draf, zonder zweem van galopperen de hele baan van 80 meter aflegt. Zulke liefhebbers weten de loop van de zaken van het begin tot het einde even goed als de keurmeester zelf.'' It sil yn Terkaple-Eagmaryp wol krekt sa gien wêze.
Gerke Schaafsma ferstjert yn [[1894]], 61 jier âld. Syn widdo giet troch mei it kafee. Sûnt dy tiid wurde fergaderingen en sa hâlden yn it kafee fan widdo Schaafsma. Frou Schaafsma giet hjir mei troch oant maaie [[1910]]. Dan stiet der in dankbetsjûging yn de krante dat it moai west hat nei 47 jier. It kafee wurdt fuortsetten troch famylje Van Dijk.
 
== Mienskip ==