56.999
bewurkings
(tal ynwenners) |
(doarpstabel) |
||
{{Doarpstabel
| doarpsnamme = Raerd
| flagge = Flagge fan Raerd.gif
| wapen = Wapen fan Raerd.jpg
| lokaasje = LocatieRaerd.png
| gemeentenamme= [[Boarnsterhim]]
| teljier = 2003
| ynwennertal = 602
| koördinaten = 53_5_53_N_5_45_53_E_type:city_region:NL
| koördinaten_tekst = 53° 6' NB, 5° 46' EL
| webstee = [http://www.raerd.com/ Webstee Raerd]
}}
[[Ofbyld:Map NL Boarnsterhim Raerd.png|thumb|right|''[[himrik]] fan Raerd'']]
'''Raerd'''
Raerd is in [[terpdoarp]] deun by de wei fan [[Ljouwert (stêd)|Ljouwert]] nei [[Snits]]. By die wei hat eartiids ek in [[state]] west, [[Jongema State]], dêr't no allinnich de poarte noch fan oerein stiet. Op dit stee is no in park mei beammen op in terrein mei [[stinzeplant]]en. Dit park wurdt beheard troch [[It Fryske Gea]]. Utsûndere de maitiid is it park frij tagonklik foar it publyk. De ynwenners hawwe de [[Skelwurd|bynamme]] "Raerder Roeken", troch it grut tal roekenêsten dat op it [[Jongemastate|terrein fan de eardere state]], yn'e folksmûle de "Raerder Bosk" neamd, te finen is.
== Ferskaat ==
* It doarp is ien fan de einpunten fan de [[Slachtemaraton]], in kulturele maraton oer de âlde [[Slachtedyk]] troch it Fryske lânskip tusken Raerd en [[Easterbierrum]].
* Raerd leit ek oan de westrûte fan it [[Jabikspaad]].
* It doarp is ek de thúshaven fan it [[IFKS]]-[[skûtsje]] de [[Raerder Roek]].
* De herfoarme tsjerke is fan [[1814]]. Hjirby stiet in rjochthoekige tinkstien as neitins oan yn de gemeente omkomde fersetstriders. It monumint waard ûnthuld op [[4 maaie]] [[1957]]. Hjirop steane de nammen fan alve fersetsstriders, wêrûnder [[Chris Tinkelenberg]]. In grutte ferrassing by de restauraasje fan de tsjerke yn desimber 2009 wie de ûntdekking fan njoggen grêfstiennen ûnder de flier. Der is altyd tocht dat de stiennen yn 1908 út tsjerke helle wiene. Yn stikken binne se weromfûn. De grêfstiennen sille restaureard wurde en komme wer, lykas hûndert jier lyn, op de flier te lizzen.
== Mienskip ==
=== Befolking ===
* [[1954]] - 620
* [[1959]] - 573
* [[1964]] - 563
* [[1969]] - 544
* [[1974]] - 529
* [[1999]] - 637
* [[2004]] - 588
* [[2007]] - 614
* [[2010]] - 648
== Strjitten ==
== Keppeling om utens ==
* [http://www.raerd.com/ Webstee Raerd]
{{Koördinaten|53_5_53_N_5_45_33_E_type:city_zoom:14_region:NL|53° 6' NB, 5° 46' EL}}
|
bewurkings