Idaerd: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
oanfolling oer de isolearre lizzing
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
red
Rigel 13:
[[Ofbyld:Map NL Boarnsterhim Idaerd.png|thumb|280px|right|de [[himrik]] fan Idaerd]]
'''Idaerd''' is in doarp yn de gemeente [[Boarnsterhim]], benoarden [[Grou (plak)|Grou]] oan it [[spoar fan Swol nei Ljouwert]]. It doarp hat likernôch 97 ynwenners (1 juny 2004).
== Skiednis ==
 
Yn de [[Midsieuwen]] wie Idaard it haadplak fan de [[gritenij]] [[Edawerderadiel]]. ''Eda'' of '''lede'' betsjut safolle as [[terp]] of wier. It lytse terpdoarp Idaerd wie yn de Midsieuwen it haadplak fan de gritenij Idaarderadiel, mar it is letter troch hast alle oare Idaarderadielster doarpen oerfleugele. It wie mei de Kromme Sleat oer it [[Eagumer Djip]], it farwetter tusken Ljouwert en Grou, ferbûn. It hie in dyk nei [[Reduzum]], dy’t yn [[1853]] ferbettere waard ta in púndyk en it wie al nei de oarloch dat der in dykferbining nei Grou ta kaam. Doe‘t om 1960 hinne rykswei N32 fan Ljouwert nei It Hearrefean oanlein waard, wie it doarp foar in koarte tiid goed ûntsletten. Mar nei’t de N32 in autosneldyk wurden wie, siet Idaerd wer yn it isolemint. <br>
Oant de [[gemeentlike weryndieling]] yn [[1984]] wie Idaerd ûnderdiel fan de eardere gemeente [[Idaarderadiel]], mei [[Grou (plak)|Grou]] as haadplak. Sûnt 1989 is de offisjele namme ''Idaerd''.
 
== SkiednisGebouwen ==
De sealdektoer is út de [[15e ieu]], de tsjerke mei brânskildere ramen is fan [[1774]]. Op it tsjerkhof lizze noch sarken fan de eardere bewenners fan Friesmastate: Van Scheltinga en Bergsma.
By it doarp stie earder de [[stins]] Friesma State[[Friesmastate]] dat yn [[1652]] boud is as residinsje foar de [[grytman]].
Carel fan Roarda wie grytman fan Idaarderadiel tusken 1635 - 1670. Sûnt 1652 wenne hy op Friesmastate dat er sels bouwe litten hie. Ien fan syn fertsjinsten wie it ynstellen fan een beurtfeart op Ljouwert en Snits. By it wurk fan de grytmannen fan Idaarderadiel hearde ek it tafersjoch op de wetterkearings. Sadwaande wie hy dykgreve fan de Leppedyk. Oan it "ynstitút grytman" kaam in ein yn 1795, mei it begjin fan de Frânske oerhearsking. Friesmastate is ôfbrutsen yn [[1882]], oerbliuwsels fan it ynterieur binne te besjen yn it [[Frysk Museum]] en yn paleis Het Loo.<br>
By it doarp stie earder in gersdroegerij.