Amfiteater: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
TXiKiBoT (oerlis | bydragen)
L Bot - derby: gl:Anfiteatro
Xqbot (oerlis | bydragen)
L r2.5.2) (Bot - derby: ko:원형극장; tekstwiziging
Rigel 13:
[[Ofbyld:Colosseum-interior.01.JPG|thumb|right|250px|''It Kolosseum fan Rome.'']]
 
It earste permaninte bekende Romeinske amfiteater waard boud yn [[Pompeii]] neidat in [[koloania]] of Romeinske feteranen harren dêr te plak setten hienen yn [[80 foar Kristus]]. Foar dy tiid waarden fjochterijen hâlden yn it forum fan [[Rome]] en oare stêden.
 
It meast ferneamde amfiteater is it [[Kolosseum]] fan Rome, mar ek op guon oare plakken fan it eardere [[Romeinske Ryk]] binne noch amfiteaters te finen. De amfiteaters fan plakken as [[Verona]] yn [[Itaalje]] en [[Nimes]] en [[Arles]] yn [[Frankryk]] binne hast noch hielendal heul en wurde tsjintwurdich brûkt foar opera’s en toanielfoarstellings. Yn Frankryk wurde der ek wol bollefjochterijen hâlden. Ek oare amfiteaters, bylgelyks dy fan [[Pula]] yn [[Kroaasje]], binne noch yn in goeie steat en wurde brûkt foar sjongerij en dat soarte saken. Yn [[El Djerm]] yn [[Tuneezje]], [[Trier]] yn [[Dútslân]] en tal fan oare plakken binne ek noch oerbliuwsels fan âlde amfiteaters te sjen.
Rigel 24:
 
Skaaimerken fan amfiteaters út dy tiid binne:
* In ûnder de arena en de tribunes rinnende haadgong dy’t lykop rint mei de lange as mei tal fan sydpaden en romten foar (rôf)bisten, ta dea feroardielden en opslachplakken foar materiaal.
* De flier fan de arena wie fan hout, mei dêrop in dikke laach sân. Dit wie nedich om it bloed op te fangen. It sân waard sa no en dan ek ferfong.
* By it Kolosseum wie de arena fan de tribunes skieden troch in fjouwer meter hege muorre mei lege iepenings mei (nei alle gedachten) doarren wêrtroch't de liken fan deade bisten en minsken út de arena sleept waarden.
* De tribunes wienen ferdield nei sosjale status. De bêste plakken foaroan wienen foar minsken mei hege funksjes, dêrboppe kamen de sitplakken foar de bettere begoedige stân en dêr wer boppe de plakken foar it gewoane folk. De froulju fan de senatoaren sieten nei alle gedachten hielendal boppe yn.
 
=== De spullen ===
Rigel 33:
 
In dei program moat der faaks sa útsjoen hawwe:
* Moarns: Fjochtpartijen tusken bisten of mei minsken tsjin bisten.
* Om de middei hinne: Iepenbiere eksekúsjes. Dit barde troch in gewoane slach mei it swurd. Mar ek waarden der wol minsken dea makke op manearen basearre op de Grykske mytology.
* Middeis: Gladiatoaren, man-tsjin-man fjochterijen.
 
Tusken de programma’s troch waarden der ek wol aktiviteiten hâlden mei muzikanten en waarden der lytse kado’s it publyk ynsmiten, bygelyks bôle. Yn it skoft waard de arena wer yn oarder brocht foar de neikommende foarstelling.
Rigel 53:
 
Foarbylden binne [[Drakensberch]] amfiteater yn [[Súd-Afrika]], de Gorge Amfiteater yn de Feriene Steaten en it Echo amfiteater yn [[Nij-Meksiko]].
 
[[Kategory:Romeinen]]
 
Line 79 ⟶ 80:
[[ja:アンフィテアトルム]]
[[kk:Амфитеатр]]
[[ko:원형극장]]
[[ku:Amfîtiyatr]]
[[la:Amphitheatrum]]