Ketlik: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
→‎Mienskip: raapteppers
Rigel 33:
 
== Mienskip ==
Foarhinne wie Ketlik in boeredoarp. De boeren ferbouden sânrapen as feefoer, mar ek as iten foar harsels. De bêste en de lekkerste sânrapen kamen út Ketlik. Oant 1950 wie it út de grûn lûkken fan dizze giele knollen alle jierren wenst. De minsken dy't de knollen út de grûn hellen waarden 'Raapteppers' neamd. Midden yn fan it doarp stiet in brûnzen byld neamd 'De Raaptepper', yn 1981 makke troch de keunstner Simon den Hartogh. Der is in feriening fan Doarpsbelang en in doarpskrantsje hjir De Raaptepper. Se wurde ûndersteund troch de wurkgroep Doarpsfernijing. De grifformearde skoalle út [[1915]] is neamd nei ien fan de inisjatyfnimmers, Wietze Andries Nijenhuis (1874-1953). De Tsjongerskoalle is de iepenbiere skoalle. Der is in soas foar âlderein fan 60+. In pleatslike kommisje beheart it tsjerkegebou. Hotel Hof van Schoterland spilet in grutte rol yn it doarpslibben. Pleatslik Belang Mildaam bestie yn 2004 100 jier en Pleatslik Belang Ketlik 75-jier. De beide doarpen ha doe tegearre in grut feest fierd.
 
=== Ferienings ===