Ketlik: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
→‎Mienskip: raapteppers
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
→‎Natuergebiet: oer de klokkestoel
Rigel 28:
Alle jierren litte op de jierlikse [[Sint Thomaslieden]]-manifestaasje betûfte kloklieders, yn tradysjonele klean stutsen, de klokken op de maat klinke.

== Natuergebiet ==
Ketlik hat twa natuergebieden. It [[Ketliker Skar]] en in oergonggebiet tusken de bosken fan Oranjewâld en it Ketliker Skar.
It oergonggebiet is fan 2010 en is in 32 bunder grut natoergebiet by Ketlik. Yn de eardere greiden is ûnder mear nije oanplant setten, binne wetterpartijen groeven en kuierpaden oanlein.
== Klokkestoel ==
Nêst de tsjerke stiet in [[klokkestoel]] mei twa klokken lyk as't der safolle yn Fryslân binne. De klokkestoel is yn 1979 restaurearre. Oant 1943 ta hongen der twa klokken yn 'e klokkestoel dy't yn 1752 troch Ciprianus Jansz. Crans út Amsterdam getten wiene. Dizze klokken binne yn 'e oarlochsjierren weihelle en net werom kommen. Se binne yn 1952 ferfongen troch twa oaren dy't by Van Bergen út Heiligerlee getten binne.

De klokken (bes1 en des2) hingje oan rjochte liedassen en hawwe in fleanende bongel.
De iene klok hat as opskrift:

''Ik ha hjir mar in klokkestoel, gjin toer''.

''Dochs galmje ik 't de fjilden oer''.

''Gjin libbensskipke leit goed fêst''

''as 't anker net yn Kristus rêst.''

op de oare stiet:

''1944 De dútskers binne kommen''

''Hja ha d' âld klok hjir nommen''.

''1952 Nou joech men my út mienskipssin''.

'''k Lied bliid myn lûd de himel yn''.

Stiet oeral de klokkestoel op it tsjerkhôf, yn Ketlik is dat net it gefal. Fan oarsprong stie de klokkestoel yn Katlijk ek op it tsjerkhôf oan de noardside neist de tsjerke. Doe't de klokkestoel yn 1930 fernijt wurde moast is d'r nei it hjoeddeiske plak ferpleatst. De reden wie, dat it Sint Thomaslieden yn froeger jierren dei en nacht trochgie. Der sammelen destiids yn de jûn en ek yn 'e nacht in protte jongfolk op it hôf en die hiene dan in protte wille. Foar guon Ketlikers wie dat in stikel yn 'e foet. Hja fûn it net foechsum wat dêr op it tsjerkhôf ôfspile. Toen de klokkestoel dan ek ferfong wurde moast, waard dizze, ta iders tefredens, neist it tsjerkhôf delsetten.

Yn de klokkestoel fan Ketlik hingje de klokken oan rjochte liedassen mei een liedstok en hawwe in fleanende bongel. De klokken binne dêrtroch better te bestjoeren. Yn in tsjerketoer hingje de klokken faak oan in krukas mei een liedtsjil en hawwe dan in fallende bongel.

== Mienskip ==