Ketlik: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
→‎Natuergebiet: oer de klokkestoel
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
→‎Natuergebiet: wat oer de tsjerke
Rigel 31:
Ketlik hat twa natuergebieden. It [[Ketliker Skar]] en in oergonggebiet tusken de bosken fan Oranjewâld en it Ketliker Skar.
It oergonggebiet is fan 2010 en is in 32 bunder grut natoergebiet by Ketlik. Yn de eardere greiden is ûnder mear nije oanplant setten, binne wetterpartijen groeven en kuierpaden oanlein.
== Thomastsjerke ==
Dit tsjerkje leit mids fan de bosken fan Ketlik. It tsjerkje hjit sûnt 3 juny 2004 'Thomastsjerke', nei de hillige Thomas. It tsjerkje is lyts en ienfâldich tsjerkje, sûnder toer, boud yn 'e earste helte fan de [[16e ieu]]. It is boud fan reade bakstien (roaswinkel), mei swiere bearen. It tsjerkje kaam yn 1975 yn hannen fan de stifting 'Alde Fryske Tsjerken' en waard yn 1977 en 1978 restaurearre. It sjocht der no lyk út as doe en is net 'oppoetst' sa't dat yn it ferline mar al te faak barde. It ieuwenâlde monumintale tsjerkje is no gauris it poadium foar konserten, hoewol't der ek tsjerketsjinsten hâlden wurde.
 
== Klokkestoel ==
Nêst de tsjerke stiet in [[klokkestoel]] mei twa klokken lyk as't der safolle yn Fryslân binne. De klokkestoel is yn 1979 restaurearre. Oant 1943 ta hongen der twa klokken yn 'e klokkestoel dy't yn 1752 troch Ciprianus Jansz. Crans út Amsterdam getten wiene. Dizze klokken binne yn 'e oarlochsjierren weihelle en net werom kommen. Se binne yn 1952 ferfongen troch twa oaren dy't by Van Bergen út Heiligerlee getten binne.<br>