Ferskil tusken ferzjes fan "Nijskoat"

704 bytes grutter ,  10 jier lyn
doarpswapen en flagge
(→‎Mienskip: oanfolling fan de doarpsside)
(doarpswapen en flagge)
 
Yn it ferline lei Nijskoat tusken it spar en de Engelenfeart. Met de komst fan it krematoarium en de útwreiding fan it yndustryterrein Súd fan It Heaarrenfean is de eastlike grins inkele hûnderten meters opskood. Formeel binne in oantal Skoatters dêrrtroch yn It Hearrenfean komd te wenjen. Op it begraafplak stiet ek ien fan de [[Klokkestuollen yn Fryslân]]. Op [[26 septimber]] [[2009]] hie de liedklok fan Nijskoat nei 25 jier wer lûd.
 
== Doarpswapen en flagge ==
Nijskoat hat sûnt 2006 in doarpswapen en flagge. ''Skoat'' betsjut ''foarútspringend stik lân'' en wurdt útbylde mei de griene punt yn it gouden skyld. De sulveren klaver yn de foet fan it skyld ferwiist nei it agraryske karakter fan Nijskoat. Op de kaart fan Schotanus (begjin 18e ieu) steane twa einekoaien oanjûn, op it wapen is dat it reade eintsje. De iketûken en de ikels jouwe de ikebosk by Nijskoat oan. In iik jout net allinnich timmerhout, mar waard eartiids ek in soad as bargefoer jûn en fan de bast waard moaistof makke. De gouden eftergrûn jout de sângrûn oan. De reade seam fan de griene punt op de flagge is symboal foar de lintbegbouwing fan Nijskoat.
 
== Mienskip ==
In jierlikse tradysje is it boskfeest. De lamionoptochtbuorljudei is yn septimber, op 11 novimber rinne de bern mei lampions. Yn desimber is de krystfiering yn it tsjerkje mei in ôfslutend stamppotbuffet plaats yn De Stâl. In wurkgroep soarget foar it ophingjen fan plantebakken oan de lantearnepeallen.<br>
De fuotbalklup spilet sûnt de jierren 70 net mear yn doarp mar op It Hearrenfean, de bining mei it doarp is dêrtroch minder wurden.
 
56.981

bewurkings