Piaam: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
doarpsberjocht
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
oanfolling geografy
Rigel 10:
}}
'''Piaam''' is in doarp yn de gemeente [[Wûnseradiel]], súd fan [[Makkum]]. It doarp hat likernôch 50 ynwenners (2004).
 
De [[himrik]] rikt mei de Polder Koaihuzen, neamd nei in buert fan buorkerijen en twa einekoaien, ta oan de yn 1876-1879 droechmealde Feitemar en Parregeaster Mar yn it easten. Fan de al âlde einekoaien is bekend dat de dêr fongen wetterfûgels nei Hollân ferhannele waarden; no wurdt ien fan de koaien brûkt foar it ringjen fan wetterfûgels.
 
Tichtby de buorren binne noch in pear ekers te finen, mar fierder is der net folle oerbleaun fan de earder sa wichtige lânbou; it is allegear feehâlderij yn de omjouwing. Inkele flinke stjelppleatsen en in pear huzen markearje de yntree yn it lytse doarp en twa monumintale kop-rompbuorkerijen slute it doarp oan de eastkant wer ôf. In pastorije hat Piaam net hân om’t de tsjerklike gemeente kombinearre wie mei [[Skuzum]] en de pastorije yn dat doarp kaam.
 
Yn Piaam is it natoermuseum ''It Fûgelhûs'' fêstige en stiet de Nynke Pleats. It doarp is mei [[Allingawier]] en [[Eksmoarre]] ien fan de trije doarpen oan de kultuerhistoaryske [[Aldfaers Erf]] rûte. Yn it doarp stiet ek it natoermuseum ''[['t Fûgelhûs]]''.
By graafwurk binne yn [[1998]] op in hiem 36 goudgûnen út de [[15e ieu]] fûn.
It bakstiennen tsjerkje fan Piaam komt út de [[13e ieu]].
By de seeedykseedyk stiet in fûgelhutte yn de [[Jan Durkspolder]].
 
== Befolking ==
* [[1954]] - 99
* [[1959]] - 105
* [[1964]] - 89
* [[1969]] - 72
* [[1974]] - 84
* [[2004]] - 50
 
== Sjoch ek ==