Gytsjerk: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
doarpsberjocht
Rigel 34:
Op [[30 desimber]] [[1850]] waard de "buitenplaats Sjoerda-state te Giekerk met 80 [[bunder]] greide, bouw en bosgrond" ferkocht. De widdo P.S. Westra wie doe de (lêste) bewenner fan de state dy't dêrnei sloopt waard, der is neat mear fan oerbleaun. Der waard doe in pleats setten dy't nei in brân ferfongen waard troch in wenbuorkerij.
 
[[File:Kerkje Giekerk.jpg|thumb|Tsjerke Gytsjerk]]
== Tsjerke ==
Gytsjerk hat de âdste tsjerke fan Trynwâlden. De tsjerke út it begjin fan de [[12e ieu]] is wijd oan de hillige Martinus. It romaanske gebou is oplutsen út Dútse [[dowestien]]. De súdmuorre is net orizjineel omdat der yn de [[19e ieu]] grutte finsters yn setten binne. De hege romaanske ramen binne tichtmitsele. Oant midden 19e ieu stie oan de súdkant fan de tsjerke in toer, meastentiids stiene tuorren oriïntaals. De nijboude westgevel krige yn de 19e ieu it tuorke.