Piter Jelles Troelstra: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
piter jellespriis
foto by
Rigel 18:
 
=== Polityk ===
[[Ofbyld:Pieter Jelles Troelstra.jpg|thumb|right|200px|Troelstra by in gearkomste]]
Nei syn stúdzjetiid fêstige Troelstra him as advokaat yn Ljouwert. Hy waard yn [[1890]] lid fan de [[Fryske Folkspartij]], mar kaam nei in lange twastriid ta de konklúzje him alhiel oan de sosjalistyske beweging te wijen. Hy ferhuze yn [[1893]] nei Hollân. Yn 1894 stie Pieter Jelles Troelstra mei in tal oaren ('de tolve apostels') oan de widze fan de [[Sosjaal Demokratyske Arbeiders Partij]] (SDAP) en yn [[1897]] kaam hy foar dy partij yn de [[Twadde Keamer]]. Dêr toande hy him in fûleindich anti-monargist. Hy hope dat de monargy mei Wilhelmina útstjerre soe. Doe't yn 1909 de lettere keninginne Juliana berne waard seach er syn hope op in republyk yn reek opgean. Hy begûn him wer oan de literatuer te wijen en publisearre yn datselde jier syn ferneamde dichtbondel ''Rispinge'', in bondel dy't yn in tiid fan moralistyske dichtkeunst opfoel troch de iepenens en it persoanlike karakter fan de fersen.